De Wynberch (Snits)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
De Wynberch yn 1923

De Wynberch is in histoarysk hotel-restaurant oan de Merkstrjitte yn de binnenstêd fan Snits.

It hotel iepene as herberch yn 1651 de doarren. Op it plak fan it eastlike diel hie Hajo Eelkes Napjus in kearsenmakkerij, hy wie de soan fan kronykskriuwer Eelco Napjus dy't earder ek yn dit pân wenne. It gebou hie oant yn de achttjinde iuw in trepgevel en waard yn 1786 bewenne troch stedsassistint Johannes Schaaf. Yn 1842 hat it gebou syn hjoeddeiske foarm krigen. It hjoeddeiske pân bestiet út twa feriene gebouwen ûnder in dwers sealdak. Under it gebou sit in wynkelder.

Op 11 maaie 1940 waard yn it hotel de oerjefte fan de stêd oan de Dútsers tekene. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard it hotel roch de Kanadeeske befrijers tydlik omdoopt yn Windsor Hotel. It hotel waard brûkt as offisiersmess. Op 30 july 1947 wie Prins Bernhard hjir oanwêzich, hy iet doe mei de Snitser gemeenterie.

Yn 1974 waard it gebou beskerme as ryksmonumint.