De Vrije Gedachte

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Logo fan De Vrije Gedachte.
De omslach fan de earste De Dageraad

De Vrije Gedachte is in frijtinkersferiening dy't oprjochte waard yn 1856 as De Dageraad, op oanmoediging fan de natoerûndersiker Junghuhn, troch.

De Dageraad besocht de wierheid te sykjen lâns natuerlike en reedlike wei. Har orgaan hjitte ek De Dageraad, (letter 'De Vrijdenker', mei it motto: Magna est veritas et praevalebit ('Machtich is de wierheid en sy sil triomfearje'). Der waard kontakt socht mei de opkommende arbeidersbeweging (Ferdinand Domela Nieuwenhuis, Vitus Bruinsma). Ek troch de útjefte fan brosjueres waard it doel neistribbe. Bekend is: Dûmny, pastoar en rabbi fan de Ljouwerter ûntfanger J.G. ten Bokkel.

Yn Fryslân wie de Dageraadpropaganda fel en hie se wol súkses. Ferskeidene ôfdielings waarden oprjochte, ûnder oare Ljouwert en Sint Jabik. Dizze propagande waard noch fersterke troch it optreden fan Multatuli, dy't hjir in soad ferearders fûn (ûnder oare Waling Dykstra). De ynfloed fan De Dageraad wie grut genôch ûnder it boargerlike liberalisme en ûnder de arbeiders yn de Feanstreken en It Bilt. Omdat de tsjerklikheid faak mar tradysje wie, hienen de frijtinkers in protte súkses. De bûtentsjerklikheid is net te ferklearjen sûnder de propaganda fan De Dageraad.

Fan 1957 ôf is de feriening fuortset ûnder de namme: De Vrije Gedachte (Vereniging tot bevordering van zelfstandig denken). Yn 1978 waard dy namme feroare yn Vrijdenkersvereniging De Vrije Gedachte.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • M. Staverman - Buitenkerkelijkhed in Friesland (1954)
  • Bevrijdend denken. Gedenkbundel ter gelegenheid van het 100-jarig bestaan van de Vrijdenkersvereniging De Dageraad (1956)
  • Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Dageraad.