Springe nei ynhâld

De Vliegende Bal (Snits)

Ut Wikipedy
Foto fan de earste leden fan De Vliegende Bal (1905)

SLTC De Vliegende Bal is in tennisferiening út Snits.

De Vliegende Bal is oprjochte op 29 juny 1905 en is dêrmei de âldste tennisferiening fan Snits.

De feriening hat syn thús op Sportpark Tinga, dêr't tsien smashcourtbanen lizze. De kantine wurdt dield mei de Sneeker Mixed Hockey Club. De Vliegende Bal is ien fan de inisjatyfnimmers fan de bou fan de Tennishal Snits.

Yn de begjinjierren spile de feriening ûnder mear op in gersfjild by Suvelfabryk Normandia oan de Ljouwerterdyk. By gelegenheid fan it 75-jierrich jubileum fan de feriening is in boek útjûn, dat yn te sjen is yn it Frysk Skipfeart Museum. Yn 2005 waard it 100-jierrich bestean fierd.

De klup organisearret it jierlikse Iepen Snitswike tennistoernoai.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]