Springe nei ynhâld

De Tijd (Elburch)

Ut Wikipedy
De Tijd
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Gelderlân
plak Elburch
adres Zuiderzeestraatweg-Oost 16
koördinaten 52°26'N 5°51'E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 22,80 m
boujier 1854
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 14945 [1]
Webside
www.molendetijd.nl
Kaart
De Tijd (Gelderlân)
De Tijd

De Tijd is in nôtmûne yn Oostendorp yn 'e gemeente Elburch (Gelderlân).

De mûne waard yn 1854 boud en ferfong in yn 1853 ôfbaarnde mûne. Oant yn 'e Twadde Wrâldkriich bleau de mûne yn bedriuw. Dêrnei waard der allinne noch mei in elektryske hammermûne mealle. Yn 1964 waard de sloopfergunning oanfrege, mar der folge yn stee fan ôfbraak yn 1966 in restauraasje. De mûne kaam lykwols wer stil te stean en in twadde restauraasje folge yn 1984.

Op 6 july 1990 waard in twadde koppel yn gebrûk nommen foar it meallen fan nôt foar de bakker. It oare koppel wurdt brûkt foar it meallen fan feefoer. De mûne is tige regelmjittich yn gebrûk.

De Tijd is is in stellingmûne op in stiennen ûnderbou en in 3,9 meter hege stelling. De achtkante boppebou en de kape binne reitdutsen. De wjukfoarm is mei it systeem Fauël mei (sûnt 1994) automatyske remkleppen op beide roeden. De roeden út 1984 hawwe in flecht fan 22,80 meter. De Tijd wurdt remd mei in Flaamske fang, dy't betsjinne wurdt mei in wipstôk. De 4,80 meter lange boppe-as fan smei-izer datearret fan 1888 en is getten troch de izerjitter 'De Prins van Oranje'.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: