De Terskflier
De Terskflier | ||
![]() | ||
lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | Seisbierrum | |
adres | Tsjerk Hiddesstrjitte 25 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tsjerke | |
boujier | 1928 | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 8654[1] | |
webside | PKN Seisbierrum-Pitersbierrum |
De Terskflier oan de Tsjerk Hiddesstrjitte is de eardere grifformearde tsjerke fan Seisbierrum.
Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De grifformearde gemeente fan Seisbierrum ûntstie op 1 desimber 1835 as de kristlik-grifformearde gemeente. De earste tsjerke wie in skuorretsjerke út 1835 oan it Terppaed. De twadde tsjerke ferfong dy tsjerke yn 1882 en stie oan it Achterom.
De opfolger dêrfan wie de yn 1928 neffens in ûntwerp fan de arsjitekt Ane Nauta boude tsjerke oan de Tsjerk Hiddesstrjitte. It wie it tredde gebou fan de grifformearden yn Seisbierrum.
Nauta hat de tsjerke ûntwurpen as in T-foarmich gebou mei in yn de súdwestlike hoeke oanboude toer mei sealtek. Oan de rjochter kant fan de tagong is in gevelstien mei de tekst Dient den Heere met blijdschap, komt voor Zijn aanschijn met vroolijk gezang" (Ps 100 vs 2).
De tsjerke is noch ien fan de twa tsjerken fan de protestantske gemeente Seisbierum-Pitersbierrum, mar wurdt net mear brûkt. Der besteane plannen om it gebou ôf te stjitten.
Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
It oargel fan de grifformearde tsjerke waard yn 1913 foar de herfoarme tsjerke fan Jutryp boud troch de firma Bakker & Timmenga. Doe't de herfoarme tsjerke fan Jutryp ôfbrutsen wurde soe, kaam it oargel te keap. It waard oanskaft troch de grifformearde gemeente fan Seisbierrum en ein 1972 boppe de preekstoel ynboud.
Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
- Wiidweidige beskriuwing skiednis fan de grifformearde tsjerke fan Seisbierrum op Gereformeerde Kerken info
- Kerk en Orgel: disposysje oargel grifformearde tsjerke, Seisbierrum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|