Springe nei ynhâld

De Sionsberch

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Sionsberg)
De Sionsberch
De Sionsberg
  sikehûs
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Dokkum
adres Burdaarderstrjitwei 70
koördinaten 53°19′14″N 5°59′33″E
bysûnderheden
type streeksikehûs
streaming protestantsk
diel fan Soarchgroep Pasana
bêden 138
skiednis
ferneamd nei Sion
oprjochting 1956
opheffing 2014
gebou
namme gebou Sionsberch
boujier 1956
boustyl modern
kaart
De Sionsberch (Dokkum)
De Sionsberch
Eardere lokaasje yn Dokkum.

De Sionsberg is in earder sikehûs yn Dokkum, dat bestie fan 1956 oant en mei 2014. It wie mei 138 bêden it lytste sikehûs fan Nederlân, mar woe dochs in folslein soarchoanbod omfiemje foar de hiele noardeastlike regio fan de provinsje Fryslân. Nei it fallisemint fan it sikehûs kamen yn 2015 yn itselde gebou in hûsdokterspost, ferskate paramedyske bedriuwen, in lunchroom en in stikmannich selsstannige behannelingssintra foar spesjalistyske medyske soarch.

It sikehûs, dat ferneamd waard nei it kleaster Sionsberch ûnder Dokkum, bestiet sûnt 1956 en koe 15 juny dat jier iepene wurde troch ynbreng fan de bewenners en de tsjerken yn de omkriten. Dêrnei hat it him stadichoan ûntwikkele. Yn 1960 waard der in berneôfdieling iepene en yn 1974 kaam der in ferpleechhûs by. Sûnt 1997 wie it sikehûs part fan Talma Sionsberg, in kristlike organisaasje mei ferpleechhuzen yn Feanwâlden en Dokkum en op It Amelân.

Yn 2007 waard it part fan de nij oprjochte Soarchgroep Pasana, dêr't ek de ferpleechhuzen 'De Waadwente' (Dokkum) en Talma Hûs (Feanwâlden) en de fersoargingshuizen 'De Skûle' (Mitselwier), de 'Spiker' (Ternaard), 'Dongeraheem' (Dokkum), 'Talma Hoeve' (Feanwâlden) en 'De Stelp' (It Amelân) ta hearre. Fan doe ôf oan rekke it sikehûs hieltyd mear yn 'e bedelte.

Yn 2011 waard de aksjegroep 'Red de Sionsberch' oprjochte en ein fan dat jier waard der in herstelplan oankundige. Anno 2012 waard besletten dat Soarchgroep Pasana en sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten gearfoege waarden en 1 jannewaris 2013 wie it safier. Sadwaande koe in fallissemint foarkomd wurde. Beide sikehuzen giene tegearre fierder, in wichtige stap foar it behâld fan sikehûssoarch yn Dokkum.

Op 1 febrewaris 2014 waard it sikehûs nei in ferbouwing fannijs iepene troch boargemaster Waanders fan Dongeradiel. De poliklinyk krige in nije fleugel. It sikehûs hat sûnt 5% mear pasjinte-oanbod.
Op 24 novimber 2014 waard lykwols in pasjintestop ynsteld omdat goede soarch net langer garandearre wurde koe, en wiene der finansjele problemen en soe in tredde part fan it personiel fuort moatte.[1] In dei letter waard bekend dat it sikehûs ticht gie.[2] It die bliken dat der in skuld fan 40 miljoen euro wie.

Op 26 novimber 2014 hat it bestjoer fan Pasana it fallissemint oanfrege fan de hiele groep (sikehûs en fersoargingshuzen) en op 28 novimber hat de rjochtbank fan Ljouwert Pasana fallyt ferklearre.[3]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. = Fries ziekenhuis De Sionsberg in grote problemen, 5 novimber 2014, Nu.nl
  2. = Sionsberg Dokkum deze week failliet,25 novimber 2014, Dagblad van het Noorden
  3. Ziekenhuis De Sionsberg definitief dicht, 28 novimber 2014, NOS