Springe nei ynhâld

Kristlike Mafû De Saad

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Saad)
Kristlike Mafû De Saad
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
type org. middelbere skoalle
wurkmêd Mafû (vmbo-tl/gl)
fêstige yn Damwâld (Dantumadiel)
oprjochte 1921
oprjochter Feriening foar Kristlik MULO yn de gemeente Dantumadiel
adres Nijewei 1
9104 DK Damwâld
denominaasje protestantsk-kristlik
offisjele webside
desaad.nl

Kristlike Mafû De Saad (Nederlânsk: Christelijke Mavo De Saad), koartwei meastentiids De Saad neamd, wie in selsstannige skoalle foar fuortset ûnderwiis yn Damwâld. Sa't de namme al oanjout, waard der op mafû-nivo lesjûn. Yn de lêste jierren fan it bestean fan de skoalle krigen de learlingen wannear't hja slagge wiene ôfhinklik fan it fakkepakket in vmbo-tl of vmbo-gl diploma.

De Saad hat sa'n hûndert jier bestien. Yn 1919 waard de feriening foar Kristlik mulo yn de gemeente Dantumadiel oprjochte. Op 1 augustus 1921 waard de skoalle iepene. De skoalle stie oan de Haadwei fan Moarrewâld, dêr't hjoed-de-dei in meubelsaak sit.

It lêste skoalgebou oan de Nijewei yn Damwâld is yn 1985 boud. By de iepening fan dat gebou yn 1986 hat de skoalle de namme De Saad krigen. Yn 2019 fierde de skoalle har 100-jierrich bestean[1]. Begjin july 2020 is de skoalle fanwege it weromrinnend oantal learlingen definityf sluten.

De Saad wie in kristlike skoalle dy't de leafde fan Jezus Kristus yn it deistige dwaan en litten sjen litte woe. Yn de ûnderbou wiene der lytse klassen, om sa de oerstap fanôf de basisskoalle te ferleegjen. Bysûnder oan De Saad wie dat it mooglik wie om ynstee fan fjouwer jier yn trije jier in diploma te heljen, dat waard mafû-sprint neamd.

Yn it skoaljier 2019-2020 waard in nij ûnderwiiskonsept ynfierd, mei ûnder oare koartere lesdagen en spesjale begeliedingsoeren[2].

De regio Noardeast-Fryslân hat te krijen mei krimp, wat derfoar soarge dat it oantal learlingen op De Saad yn de rin fan de jierren ôfnaam. De skoalle hie om 2014 hinne noch 400 learlingen, mar yn 2019 wie dit ôfnaam nei noch gjin 300. Yn desimber 2018 waard bekend dat der fanwegen finansjele tekoarten in reorganisaasje nedich wie[3]. Yn april 2019 liet direktrise Jantine van der Kooij yn it Frysk Deiblêd witte dat foar de lange termyn de selsstannige posysje fan de skoalle ûndwaanlik wie en de skoalle nei gearwurking mei oare skoallen sjen moast[4]. Dy mooglikheid ta gearwurking hie De Saad yn it Piter Jelles fûn, yn de foarm fan in fúzje. Mar it mocht net mear heve: doe't yn april 2020 bliken die dat foar it skoaljier 2020/2021 mar 33 nije oanmeldings binnenkaam wiene, beslêt it bestjoer fan De Saad om de skoalle oan it ein fan it skoaljier 2019/2020 definityf te sluten[5]. Yn it skoalgebou fan De Saad sil fanôf skoaljier 2020/2021 in ekstra fêstiging fan De Wingerd, in skoalle foar spesjaal ûnderwiis, komme.


Bekende âld-learlingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. https://www.actiefonline.nl/nieuws/algemeen/38331/christelijke-mavo-de-saad-viert-100-jarig-bestaan-
  2. https://www.actiefonline.nl/nieuws/112/32826/vernieuwend-onderwijs-op-vmbo-de-saad-in-damwald-
  3. https://nieuwsbladnof.nl/artikel/736917/reorganisatie-bij-de-saad-damwald.html
  4. https://frieschdagblad.nl/2019/4/20/mavo-de-saad-kan-niet-zelfstandig-verder
  5. https://www.omropfryslan.nl/nijs/953853-mavo-de-saad-yn-damwald-slut-de-doarren