De Rintmaster

Ut Wikipedy
De Rintmaster yn 2013

De Rintmaster is in poldermole en ryksmonumint tichtby it doarp Menaam, haadplak fan de gemeente Menameradiel. It is in houten achtkante mole mei stiennen fjildmuorren, dy't dekt is mei reid en in flecht hat fan 15,00 m.

De Rintmaster waard yn 1833 boud foar de bemealling fan de eardere Noarderpolder by Dronryp. Neidat de mole dêr troch de komst fan in diselmotor oerstallich wurden wie, rekke hy yn ferfallen tastân. Yn 1981/1982 waard hy oerbrocht nei syn hjoeddeiske stee, dik in heale kilometer ten súdeasten fan Menaam tichtby de Menamer Feart, dêr't oant 1969 de troch brân ferwoaste Koaimole stie. Dêr waard De Rintmaster restaurearre en opnij Mealree makke. Sûnttiids bemealt de mole op frijwillige basis de Súdeasterpolder. Yn 1995 waard hy foar it lêst restaureard. De útein fan de wipstôk fan de mole is fersierd mei in ienhoarn. De Rintmaster, dy't eigendom is fan de Stifting Mûnen yn Menameradiel, kin op ôfspraak besichtige wurde.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]