Springe nei ynhâld

De Rôt (skûtsje)

Ut Wikipedy

De Rôt is in skûtsje dat yn 1887 troch Mulder op de werf Vierverlaten yn Grinslân boud is. It wie it earste izeren skûtsje nei de houtbou en hie as brânmerk L383N.

It skip waard boud fanwege de kasteleins fan herberch 'De Koekoek' en herbech 'It Wapen van Smallingerland' yn Rottefalle. It 17 ton swiere skip (mjitten 11,90 x 3,15 x 0,5 m) waard eartiids brûkt as beurtskip foar passazjiers en fracht tusken Rottefalle en Ljouwert. Nei 1903 waard der op de Waadsee mei op grenaten fiske en krige it de namme Sâltkamp 2. Doe't it in plesierfartúch waard, kaam der in dieselmotor yn it skûtsje.

Yn 1978 waard it skip kocht troch Ruud († 2009) en Jannie Haan út Spaarnedam. Sy lieten it skipke restaurearje en benei yn de oarspronklike steat werombringe. It die letter noch mei oan it skûtsjesilen en oare nautyske eveneminten. Yn 2011 gie De Rot werom nei Rottefalle, dat wie de winsk fan R. de Haan. Om it jild by elkoar te krijen waard stifting 'Freonen fan de Rot' oprjochte, ek hawwe de 'Compagnons' en partikulieren it projekt stipe.

Rottefalle sil de thúshaven fan De Rot wurde en der binne plannen om it skip te ferhieren en der tochten mei te dwaan.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Drachtster Krante, 12 oktober 2011: Rottefalle heeft nu een skûtsje troch Jan Benus