De Poarten fan Sinnebuorren
Appearance
De Poarten fan Sinnebuorren | ||
keunstwurk | ||
De Poarten fan Sinnebuorren | ||
bysûnderheden | ||
jier | 1994 | |
keunstner | Henk Lampe | |
materiaal | stiel | |
plak | De Jouwer | |
lokaasje | Sinnebuorren |
De Poarten fan Sinnebuorren is in keunstwurk op De Jouwer.
It keunstwurk bestiet út trije blauwe, giele en reade 'poarten'. De trije poarten waarden makke om Sinnebuorren nei de fernijing te ferbinen mei de Midstrjitte. Elke stege krige in eigen kleur as oriïntaasje. De foarm fan elke poarte is ôflaat fan de foarm fan de dakgevels. Boppedat wie it in werkenningspunt om parkearde auto's werom te finen. Op de pleatsing yn 1994 kaam in soad krityk. De reaksje fan de gemeente wie dat de poarten ek bedoeld wiene om de minsken oan it tinken te setten.[1]
De bylden binne betocht troch de Drachtster keunstner Henk Lampe en waarden makke troch de Jouster firma De Jong.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|