Springe nei ynhâld

De Ljip (mole)

Ut Wikipedy
De Ljip (mole)
mûne / mole
De Ljip yn 2022
De Ljip yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Waadhoeke
plak Menaam
adresSânwei 21
koördinaten53° 13' N 5° 39' E
bysûnderheden
type mûnemuonts
funksjepoldermûne
oarspr. gebrûkBemeallen fan de Berltsumerpolder
flecht14,70 meter
boujier1802
oare ynformaasje
eignerStifting Moles Menameradiel
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer28578
Webside
Stifting Moles Menameradiel
Kaart
De Ljip (Fryslân)
De Ljip

De Ljip is in reiddekte poldermole en ryksmonumint by it doarp Menaam yn de gemeente Waadhoeke.

De Ljip waard yn 1802 boud foar it bemeallen fan de 265 ha grutte Berltsumerpolder, wêrby't hy ynmealle en útmealle koe. De mûne, dy't sawat in kilometer benoarden Menaam oan de Berltsumer Feart stiet, waard yn 1986 eigendom fan de Stifting Mûnen yn Menameradiel. Yn 1995 waard hy foar it lêst restaurearre.

De houten achtkante mûne, mei stiennen fjildmuorren hat in flecht fan 15,00 m. De wipstok fan de mûne is fersierd mei in ienhoarn. De Ljip mealt tsjintwurdich yn sirkwy. De mûne stiet op partikuliere grûn en is allinnich te besichtigjen as hy draait.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: