De Lastdrager
De Lastdrager | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Opmeer | |
plak | Heechwâld | |
adres | Boarg. Hoogenboomloane 2 | |
koördinaten | 52° 43'N 4° 55'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | nôtmûne | |
boujier | 1650 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 31788 | |
Webside | ||
hiemside fan 'e mûne | ||
Kaart | ||
De Lastdrager is in nôtmûne yn it Noard-Hollânske Heechwâld yn 'e gemeente Opmar.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Om 1608 hinne waard yn Heechwâld de earste nôtmûne boud, mar nei alle gedachten wie dat net de hjoeddeiske mûne, werfan't tocht wurdt dat dy om 1650 hinne boud is. Oarspronklik wie de mûne in binnenkruier, dy't yn 1732 ta bûtenkruier ferboud is.
Nei't yn 1935 de binnenroede briek, waard de mûne stilset. It 17e-iuwske geande wurk waard doe ferwidere en de lege romp brûkt foar opslach. It mealbedriuw ferhûze mei in koppel stiennen út 'e mûne en in dieselmotor nei in skuorre njonken de mûne. Letter ferdwûnen ek de bûtenroede en de sturt fan 'e mûne.
De mûne krige mei help fan roeden fan oare mûnen yn 1957 it âlde oansjen werom. De mûnder kocht yn 1968 de mûne en ferkocht dy dêrnei troch oan 'e Stifting de Westfryske Mûne. In grutte restauraasje folge yn 1972 en sûnt 1977 draaide de mûne wer regelmjittich.
Yn 2018 wûn De Lastdrager EUR 95.000 fan 'e 'BankGiro Loterij Molenprijs'. Dêrmei koe útein set wurde mei in 3,5 ton kostjende restauraasje fan 'e earder ferwidere mealynrjochting. De Lastdrager waard op 18 septimber 2021 op 'e nij iepene en kin sûnt ek wer mealle.[1]
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Mûnedatabase
- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Allemolens.nl
- (ned) De mûne op de side fan it Westfrysk Genoatskip
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|