Springe nei ynhâld

Stadion Feijenoord

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Kuip)
Stadion Feijenoord
De Kuip
  stadion
Stadion Feijenoord
Stadion Feijenoord
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Súd-Hollân
plak Rotterdam
algemiene ynformaasje
sporten Fuotbal
teams Feyenoord
kapasiteit 47.500
type oerflak Gers,
105 x 68 meter
eigner Stadion Feijenoord N.V.
bou
boubegjin 16 septimber 1935
iepening 27 maart 1937
renovearre 1994
arsjitekt Leendert van der Vlugt
eveneminten
KNVB-beker finale
kaart
Stadion Feijenoord (Rotterdam)
Stadion Feijenoord
Lokaasje fan de Kuip yn Rotterdam

It Stadion Feijenoord yn de folksmûle ek wol De Kuip, is in fuotbalstadion yn Rotterdam en it stadion fan fuotbalklub Feyenoord.

It stadion waard ûntwurpen troch arsjitekt Leendert van der Vlugt, fan arsjitekteburo Brinkman en Van der Vlugt. Yn 1935 waard begûn mei de bou; de iepening wie op 27 maart 1937. De Kuip is nei de Johan Cruijff ArenA it grutste fuotbalstadion yn Nederlân.

Nei de oprjochting fan de klup yn 1908 spile it op ferskate fjilden op Súd, wêrûnder op it Afrikaanderplein. Yn 1917 kaam de klup te spyljen yn in stadion oan de Kromme Zandweg, op de hoeke mei de Dordtsestraatweg. Letter ferdwûn dit diel fan de strjitte troch de oanlis fan it Suderpark en Rotterdam Ahoy. It Kromme Zandweg stadion waard op 26 augustus 1917 iepene mei in wedstriid tsjin Be Quick út Zutphen, dy't troch Feyenoord mei 3 -2 ferlern waard. It stadion die tsjinst oant maart 1937, doe't De Kuip iepene waard. Yn de Twadde Wrâldkriich kearde Feyenoord der noch tydlik werom. De legere alvetallen bleaunen oant 1950 op it kompleks oan de Kromme Zandweg.

De earste peal waard slein op 16 septimber 1935. De bou fan it stadion waard yn 1936 ôfrûne, mar trochdat de troch de gemeente beloofde ynfrastruktuer om it stadion hinne noch net oanlein wie, stie it stadion der moannen ferlitten by en fûn de iepening pas yn maart 1937 plak. Stadion Feijenoord hie in kapasiteit fan 65.000, mei ûnder mear in protte steanplakken. By de kampioenswedstriid fan SVV tsjin It Hearrenfean yn 1949, soe in rekôrtal fan 69.300 taskôgers oanwêzich west ha.

Yn de rin fan de jierren hinne binne der meardere kearen plannen west it stadion te ferfangen. Doe't der yn de jierren njoggentich betonrot en eroazje konstatearre waard yn De Kuip, ûntstie it gefaar dat Stadion Feijenoord net mear oan de kwaliteitseasken foldwaan koe. Hjirtroch kaam de opsje it stadion te ferfangen opnij op tafel, mar úteinlik waard der yn 1994 in renovaasje útfierd. Stadion Feijenoord hat in grutte fernijing ûndergien. Sa is 85% fan it stadion no oerdutsen, dêr't dit earder net it gefal wie. De kapasiteit is werombrocht nei 51.117 sitplakken. De stekken dy 't om it fjild stiene waarden ferfongen troch in trije meter djippe grêft.

Tusken 2006 en 2013 wiene de gemeente Rotterdam en Feyenoord ûnder de wurknamme De Nieuwe Kuip dwaande mei plannen foar in nij stadion, dat uterlik yn 2018 boud wurde moatten hie. Om't it hjoeddeistige stadion net genôch romte biedt om Feyenoord fierder groeie te litten, waard der wurke oan plannen foar in stadion mei 63.000 plakken. Yn it earste plan hie it stadion foar in part op it eilân Van Brienenoord komme moatten. Letter waard der ek in plan presintearre wêrby 't it stadion op Sportcomplex Varkenoord, rjocht tsjinoer De Kuip, boud wurde soe. Op 1 maaie 2014 waard besletten de besteande Kuip yngeand te ferbouwen, wêrtroch't it mei 70.000 sitplakken it grutste stadion fan Nederlân wurde soe. De kosten foelen lykwols folle heger út as ferwachte, en ek dit plan gie yn it jiskefet.

Op 18 maart 2016 waard bekend makke dat Feyenoord de foarkar jout oan in nije lokaasje lâns de Maas, op 'e hichte fan de wenwyk De Veranda. It nije stadion moast in kapasiteit fan 63.000 taskôgers krije. Yn novimber 2021 waard besletten foarearst op te hâlden mei de plannen foar it realisearjen fan it nije stadion, fanwegen wizigingen yn de boukosten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL