Wetterskip De Himpensermarpolder
Appearance
(Trochferwiisd fan De Hempensermeerpolder)
Wetterskip De Himpensermarpolder wie in lyts wetterskip fan 89 hektare yn de gemeente Idaarderadiel.
It wetterskip waard oprjochte yn 1890 en bestie út it gebiet fan de yn 1784/1785 drûchmealde Himpensermar. Yn 1971 waard troch de oanlis fan de wei Ljouwert-Drachten it oanbuorjende wetterskip De Hond yn twa dielen splitst. In diel fan 8 ha kaam by De Himpensermarpolder.
It gebiet fan it eardere wetterskip is sûnt 2004 ûnderdiel fan it Wetterskip Fryslân.