Springe nei ynhâld

De Goes (mole)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Guos)
De Goes
mûne / mole
De mûne yn 2019
De mûne yn 2019
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plak Eanjum-Iesumasyl
adres Esonbuorren 7
koördinaten 53° 20'N 6° 08'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 10,60 meter
boujier 1850
oare ynformaasje
eigner Monumintebehâld Noardeast-Fryslân
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 31571 [1]
Webside
St. Monumintebehâld NE-Fryslân
Kaart
De Goes (Fryslân)
De Goes

De Goes (ek De Guos) is in poldermûne tichtby de buorskip Iezumasyl yn de gemeente Noardeast-Fryslân.

De Goes, in mealreeë muonts, dy't sawat in kilometer súdwestlik fan Iesumasyl oan de Suder Ie stiet, waard om 1850 hinne yn opdracht fan in pleatslike boer foar it bemeallen fan de Guozzepolder binnendyks boud. De houten achtkante mûne mei lege stiennen fjildmuorren is dekt mei fertikale houten dielen en hat in flecht fan 10,60 m.

De mûne ferlear syn funksje yn 1962 nei de ruilferkaveling fan dit gebiet. Trije jier letter waard de Goes oankocht troch de eardere gemeente East-Dongeradiel, dy't him yn 1970 restaurearje liet. Dêrby ferdwûn de selsswichting, dy't de mole foarhinne op beide roeden hie. Yn 1988 krige De Goes in nije as fan getten izer.

De mûne, yntiids eigendom fan de Stifting Monumintebehâld Noardeast-Fryslân, is net te besichtigjen.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: