De Guds
De Guds is in Fryske provinsjale priis dy't fan 2003 - 2012 útrikt waard oan minsken dy't har fertsjinstlik makke hienen yn de hynstesport. In guds wie eartiids it bêste wurkhynder op de buorkerij. Destiids kaam de priis yn it plak fan de Fryske Hynsteman/frou priis fan It Fryske Hoars en de Krompanelen Sjeespriis fan Indoor Fryslân. De priis bestie út in wikseltrofee (in brûnzen Frysk Hynder fan 50 sintimeter heech), makke troch keunstner Hans Jouta út Ferwert en in brûnzen ôfjitsel (18 sintimeter heech) as bliuwend oantinken. Neist algemiene ynset wie it in wurdearring dy't rjochte wie op in bepaald aspekt foar de hynstesport. De priiswinner waard foardroegen troch de Gudskommisje dy't bestie út fertsjintwurdigers fan It Fryske Hoars, Indoor Fryslân en de sportsjoernalistyk. De priis waard útrikt op it Provinsjehûs troch de deputearre fan lânbou.
List mei Gudswinners:
Jier | Winner | Wenplak | Spesjale wurdearring foar |
---|---|---|---|
2010 | Jan en Anna Schuil | Broeksterwâld | trochsettingsfermogen op fokkerijmêd |
2009 | Gerda Veenje-Samplonius | Garyp | stimulearring fokken en brûken fan Fryske hynders |
2008 | Hielke van der Gaast | Warkum | hynstesport yn Súdwest-Fryslân |
2007 | Amy Tolman-Jensma | Ljouwert | Indoor Fryslân |
2006 | Harke Nijboer en suster Betty Houwing - Nijboer | De Gerdyk/De Himrik | wurk foar 'De Fjildruters', en 'De Friese Zuidzijde/ konkoers Hippique De Gordyk |
2005 | Wim en Cuuc Vellinga | Oentsjerk | Indoor Fryslân ruter- en ponyklup Trynwâlden |
2004 | Bertus en Grietje Kluvers | Raerd | jonge, begjinnende ruters en amasônes |
2003 | Sipke en Atsje Wadman | Oentsjerk | Fryske Quadrille en Frysk kostúm |