De Blauwe Hân (Harns)

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan De Blauwe Hand (Harns))
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Blauwe Hân oan de Grote Bredeplaats anno 2011

De Blauwe Hân (ek "De Hân") is in earder pakhûs oan de Grote Bredeplaats 35 yn Harns.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Blauwe Hân is ien fan de âldste en geefst bewarre bleaune pakhuzen fan Harns. It gebou is neffens de gevelstien út 1647. De foargevel oan de súdkant hat in letmaniëristyske trepgevel. De finsters yn de foargevel hawwe ûntlêstingsbôgen mei yn de midden in slútstien yn de foarm fan byldhoude kopkes. Yn it fries yn de foargevel sitte fiif gevelstiennen mei ûnder mear "anno" in "blauwe hân" en it jiertal "1647". Yn it pân siet yn de 17e en yn de 18e iuw in grôtmakkerij. Foar de Twadde Wrâldoarloch wie it pakhús yn gebrûk troch wynhannel D. Oolgaard & Zoon. Op de eastlike sydgevel stiet dizze namme yn it grut ôfbylde. Yn dit geveldiel sitte op de ferdjippings en op de souder de doarren fan it pakhûs. De ramen en pakhúsdoarren fan it gebou kinne ôfsluten wurde troch oan de binnenside readwyt en oan de bûtenside read beskildere lûken.

Yn de 19e iuw stiet it pân bekend as "de Hân", dêrnei wurdt de namme "De Blauwe Hân" brûkt. Yn de jierren fyftich fan de 20e iuw waard it pakhôs opkocht troch de Ljouwerter bûterkeapman Hein Buisman[1], dy't it restaurearje liet. Dêrnei waard der in keunstgalery yn it pân fêstige. In Fryske keuntsnersgroep ûliende har namme oan it pân, de "Bende fan de Blauwe Hân".[2] It pân is erkend as Ryksmonumint en wurdt brûkt as horekabedriuw.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Hein Buisman ferstoar yn 1963. Syn besittingen waarden nei syn ferstjerren ûnderbrocht yn de Hein Buismanstichting dy't sûnt de jierren sechtich fan de 20e iuw talleaze wennningen yn Harns restaurearje litten hat (Ljouwerter Krante d.d. 4 juny 1988 en 15 septimber 2003: Hein Buismanstichting gaf Harlingen nieuw oud gezicht en Hein Buismanstichting poetst Harlingen op)
  2. Mous, Huub De kleur van Friesland: beeldende kunst na 1945, útjouwerij Friese Pers Boekerij, Ljouwert, 2008