Grôt
Grôt of groat is pelde garst. Pearelgrôt is rûn sliipe grôt. It wurdt benammen brûkt as basis foar groattenbrij en yn peareltsjebrij. De grôt moat 12 oere weakke wurde en moat dêrnei ûngefear in oere sean wurde. Oant begjin 20e iuw waard it yn Fryslân noch brûkt as mielbasis, mar yn dy funksje is it no hast ferfongen troch rys en pasta. Garst waard eartiids mei pelmoles ta grôt peld.
Nettsjinsteande it yn ûnbrûk reitsjen fan grôt, drage ynwenners fan it Twintske doarp Rossum noch altiten de bynamme gortekeurne, dat grôtkerrels betsjut. En de ynwenners fan it Grinslanner doarp Garnwerd wurde no noch "Grôtfretters" neamd. Ynwenners fan it doarp Oosterend op Tessel wurde "Gortbuukers" neamd. Der bestiet tsjintwurdich en in krûdedrankje dat sa hjit, mar dat is fan resinte datum.