Springe nei ynhâld

De Bidler (Wergea)

Ut Wikipedy
De Bidler

(earder: herfoarme tsjerke)

Lokaasje
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert
plak Wergea
adres Buorren 6
koördinaten 53° 09' N 5° 50' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip earder: Nederlânske Herfoarme Tsjerke
status no: teätertsjerke
Arsjitektuer
boujier 1874
boustyl Neogotyk
Webside
Side de Bidler
Kaart
De Bidler (Fryslân)
De Bidler

De Bidler is de eardere herfoarme tsjerke yn Wergea. De tsjerke waard yn 'e jierren 1970 bûten gebrûk steld en is dêrnei ferboud ta kultureel sintrum. De tsjerklike gemeente is hjoed-de-dei opgien yn 'e 'herfoarme gemeente Wartengahe', dêr't ek de doarpen Warstiens en Warten by oansletten binne. Tsjinsten wurde fierd yn Warstiens of yn Warten. De herfoarme gemeente is oansletten by de PKN.[1]

De neogoatyske tsjerke waard yn 1872 as sealtsjerke boud mei in trijesidich eastlik koer. Yn 'e toer hinget in âlde klok út 1452 fan foar de reformaasje, dy't mooglik getten waard troch Johannes van Bomen. Súdlik fan 'e tsjerke stiet in pastorij út 1878.

Nei't de spits yn de jierren 1970 brekfallich waard, easke de gemeente Idaarderadiel fan 'e herfoarme gemeente dat de spits opknapt of ôfbrutsen waard. Om't it ledetal fan de herfoarme gemeente bot tebek rûn, stie de takomst fan 'e tsjerke faai. Pleatslik Belang hat doe de 'Twa Tuorren Kommisje' stifte om de beide tsjerketuorren foar it doarp te behâlden. Al hiel gau wie der genôch jild ophelle om de toer te reparearjen.

De lytser wurdende herfoarme gemeente wurke nau gear mei de Wergeaster mennisten en mocht foar de tsjinsten de lytsere fermanje brûke. Om't de eigen tsjerke leech kaam te stean is der doe besletten it gebou te keap oan te bieden oan 'e 'Twa Tuorren Kommisje' foar it symboalyske bedrach fan 1 gûne.

Van Dam-oargel

It oargel fan de tsjerke waard troch Van Dam boud en is yn orizjinele steat bewarre bleaun. It hat 18 registers op twa manualen en oanhongen pedaal. De herfoarme gemeente hat by de ferkeap fan it gebou it betingst steld dat it oargel nea foar it doarp ferlern gean mocht. It oargel is in monumint en te bespyljen. De oargelkas waard yn 2005 op 'e nij farve.

Preekstoel

Nei de oerdracht fan de herfoarme tsjerke woe de 'Twa Tuorren Kommisje' de tsjerke ferbouwe ta in multyfunksjoneel sintrum. By de ferbou bleau it gebou fan bûten fierder yntakt. Der is allinne in útgong yn 'e súdlike muorre ynbrocht.

Om't der fierder gjin jild wie moast it ynterieur foar in grut part mei âld materjaal geskikt makke wurde. Sa fûn it hout fan de tsjerkebanken in nije tapassing yn 'e nije kreake. Under de flier waarden stiennen werom fûn fan de midsiuwske tsjerke, wermei't de draachmuorren fan de nije kreake boud waarden. Under de flier binne ek âlde sarken werom fûn, dy't in plak ûnder it poadium krigen. Oarspronklik stie de preekstoel yn it koer fan de tsjerke, mar tsjintwurdich hinget de preekstoel oan 'e noardlike muorre. Fan de yn 1975 ôfwaaide spits fan de Bonifatiustoer waarden noch te brûken balken foar ûnder de kreake brûkt.

Sûnt 1985 is der troch frijwilligers regelmjittich wurke oan 'e ferbettering en fernijing fan it gebou. 'De Bidler' draait sûnder struktrele susydzjes.

'De Bidler' ferwiist nei de skelnamme foar de Wergeasters, dy't brêgebidlers neamd wurde. Troch Wergea rint de Wergeasterfeart, eartiids in wichtige wetterferbining. By de ferskillende brêgen oer de feart moast yn Wergea hinne en werom hieltiten brêgejild betelle wurde, itjinge de Wergeasters harren skelnamme fan brêgebidlers oplevere. De Wergeasters hawwe by it jaan fan de namme fan it multyfunksjonele sintrum sels keazen foar de namme 'De Bidler'.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: