Dawn Steele

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Dawn Steele
Filmklapper.png akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Dawn Anne Steele
nasjonaliteit Flag of the United Kingdom.svg Britsk
berne 11 desimber 1975
berteplak Glasgow (Skotlân)
etnisiteit Flag of Scotland.svg Skotsk
jierren aktyf 1998 – no
offisjele webside
gjint

Dawn Steele (folút: Dawn Anne Steele; Glasgow, 11 desimber 1975) is in Skotsk toaniel- en tillefyzjeaktrise. Hja is benammen bekend wurden mei har rollen as Alexandra "Lexie" MacDonald yn 'e BBC-dramarige Monarch of the Glen, en as Alice Trevanion, yn 'e dramasearje Wild at Heart.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Steele waard yn 1975 berne yn 'e stêd Glasgow, dêr't se de earste sân jier fan har libben trochbrocht. Yn 1982 ferhuze hja mei har âlden nei Milton of Campsie. Fan 1987 oant 1993 siet se op 'e middelbere skoalle yn Kilsyth, en neitiid folge se fan 1994 oant 1998 in aktearoplieding oant 'e Keninklike Skotske Akademy foar Muzyk en Toaniel yn Glasgow, dêr't se yn july 1998 cum laude ôfstudearre.

Fan dy tiid ôf besocht Steele in karriêre as aktrise fan 'e grûn te krijen, wêrby't se harsels yn 't earstoan ûnderhold mei in baan as servearster yn it Glasweechske Rogano Restaurant. Yn 1999 briek se troch mei har rol yn 'e dramarige Monarch of the Glen, as de trochtaastende tsjinstfaam Lexie MacDonald. Dy searje rûn seis seizoenen, oant en mei 2004. Yn 2002 waard Steele troch de lêzers fan 'e krante Scotland on Sunday útkeazen as "de meast troubere frou fan Skotlân".

Fanôf jannewaris 2005 spile Steele yn 'e searje Sea of Souls twa seizoenen lang de rol fan Justine McManus. Njonken tillefyzjewurk stie Steele ek in protte op 'e planken, lykas yn 2007, doe't se loovjende kritiken krige foar har rol as de promiskuë skientmespesjaliste Shazza, dy't yn 'e trageedzje Rainbow Kiss it slachtoffer wurdt fan in moarddiedige stalker. Datselde jiers makke Steele ek har debút as mymspylster, yn 'e rol fan 'e boaze hekse Carrion yn it stik Sleeping Beauty.

Yn 2009 kearde hja werom op 'e tillefyzje, yn 'e rol fan Alice Collins, yn 'e rige Wild at Heart, wêrby't Steele ynfoel foar aktrise Amanda Holden, dy't de searje nei it trêde seizoen ferlitten hie. Yn 'e simmer fan datselde jier presintearre Steele in wike lange it deistich útstjoerde lifestyle-programma The Hour, tegearre mei haadpresintator Stephen Jardine. Yn 2010 krige se yn Wild at Heart de fêste rol fan Alice Trevanion, ien fan 'e haadpersonaazjes, dy't se twa searjes lang spylje mocht, oant de rige yn 2012 ta har grutte spyt beëinige waard. Underwilens hiene Steele en har freon, akteur Paul Blair, doe harren earste bern krigen, in dochter, dy't Coco kaam te hjitten. Sûnt dy tiid hat Steele fral yn it teäter en yn gastrollen yn tillefyzjesearjes te sjen west.

Wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Teäter[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

produksje personaazje regisseur selskip
The Perfect Murder Joan Smiley Ian Talbot
Volcano Melissa Littleton Roy Marsden Thelma Holt & Bill Kenwright
Verdict Lisa Koletsky Joe Harmston Bill Kenwright Ltd.
Blackbird Una David Grindley MJE Productions
Tutti Frutti Suzi Kettles Tony Cownie National Theatre of Scotland
Home Edinburgh Anthony Neilson National Theatre of Scotland
The Slab Boys Bernadette Philip Howard Traverse, Edinburgh
Electra Krysotemis Theatre Babel
Medea Gluake Theatre Babel
Rainbow Kiss Shazza Richard Wilson Royal Court Theatre

Tillefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

produksje personaazje regisseur tillefyzjestudio
Comic Relief does Fame Academy ferskaat ferskaat BBC/Endemol
Sea of Souls Justine McManus ferskaat BBC Scotland
The Bedtime Hour ferskaat ferskaat BBC
The Key Mary David Blair BBC
Monarch of the Glen (6 seizoenen) Alexandra "Lexie" MacDonald ferskaat Ecosse Films/BBC Scotland
Snoddy Laura Colin Gilbert BBC Scotland
Tinsel Town (2 seizoenen) ferskaat Raindog foar de BBC
Highlander, ôfl. War and Peace Brynn Gaumont TV
Haywire (tillefyzjefilm) Peter Boyd MacLean BBC
Split Second Kathy David Blair BBC
Rain Dog Pilot BBC Scotland
In Search of the Unicorns BBC
Dreams and Recollections Scottish Television
Magnolia Sheila Red Productions
Wild at Heart Alice Trevanion ITV
Case Histories Charlotte McGill BBC

Film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

produksje personaazje regisseur filmstudio
Suveillance Amy Paul Oremland Blue Blood/Fulcrum TV
Tabloid TV Tori David Blair Tabloid TV Productions
Club le Monde Jacqui Simon Rumley Club le Monde Films
The Debt Collector barkeepster Anthony Neilson Theatre Babel
Gregory's Two Girls Jan Bill Forsyth

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.