Daniella Perkins

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Daniella Perkins
Filmklapper.png akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Daniella Orion Perkins
nasjonaliteit Flag of the United States.svg Amerikaansk
berne 13 juny 2000
berteplak Anaheim (Kalifornje)
etnisiteit Flag of the UNIA.svg Afro-Amerikaansk
jierren aktyf 2014 – no
offisjele webside
Daniella Perkins op Twitter

Daniella Perkins (ropnamme: Dani; folút: Daniella Orion Perkins; Anaheim (Kalifornje), 13 juny 2000) is in Amerikaansk aktrise en sjongster fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Hja is benammen bekend wurden mei rollen yn tillefyzjesearjes op 'e bernestjoerder Nickelodeon, lykas Legendary Dudas en Knight Squad. Se is ek tige populêr op sosjale media as Twitter, Instagram en YouTube.

Karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Perkins waard yn 2000 berne yn 'e stêd Anaheim, ûnder de reek fan Los Angeles, yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje. Hja sette yn 2014 mei fjirtjin jier útein mei har karriêre as aktrise, doe't se in lyts roltsje hie yn 'e koarte film Senior Slasher. Yn 2016 hie se in gastrol yn 'e jeugdsearje Girl Meets World, en datselde jiers waard se cast yn 'e rol fan Sophia yn 'e Nickelodeon-rige Legendary Dudas.

Yn 2017 wie Perkins te sjen yn in gastrol yn 'e searje Del Playa. Ek fertolke se dat jiers de rol van Violet yn 'e tillefyzjesearje Painting Autumn. Yn 2018 hie se in gastrol yn 'e ôflevering Rhymth & Shoes fan 'e searje The Thundermans, en ek spile se doe as Milly Turkel de haadrol yn 'e tillefyzjefilm Blurt. Nei noch in gastrol yn 'e searje Nicky, Ricky, Dicky & Dawn krige Perkins yn it tillefyzjeseizoen 2018-2019 ien fan 'e haadrollen yn 'e aventoeresearje foar bern Knight Squad, as Ciara.

Yn 2018 presintearre Perkins de útrikking fan 'e Nickelodeon Kids' Choice Awards. Hja hat in jongere suster, Devenity Perkins, mei wa't se de Musical.ly-groep The Perkins Sisters foarmet, dy't mear as 2,2 miljoen folgers hat op 'e sosjale media.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Daniella Perkins is 1.55 m lang en weaget 48 kg. Har fermogen waard yn 2018 skat op $300.000. Yn 2017 hie se ferkearing mei kollega-akteur Zach Clayton.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: