Daniel Libeskind
| Daniel Libeskind | ||
| arsjitekt | ||
| Daniel Libeskind (2006) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| echte namme | Daniel Libeskind | |
| berne | 12 maaie 1946 | |
| berteplak | Łódź | |
| etnisiteit | ||
| wurk | ||
| bekendste wurk(en) | A Walk along the Border (Grins, 1990) Michael Lee-Chin Crystal (Toronto, 2007) | |
| bekendste projekt(en) | Stedsmarkearingsplan Grins (1990) Polderland Garden of Love and Fire (1997) | |
| offisjele webside | ||
| daniel-libeskind.com | ||
Daniel Libeskind (Łódź, 12 maaie 1946) is in Amerikaanske arsjitekt fan Poalske komôf. Hy is de soan fan Holocaust-oerlibbenen. Yn 1965 waard er naturalisearre ta Amerikaansk steatsboarger.
Hy ûntwurp ûnder oaren it Joadsk Museum Berlyn en foar it Keninklik Ontario Museum it Michael Lee-Chin Crystal, dat yn 2007 oplevere waard. Libeskind syn ûntwerp foar de 1 World Trade Center is útkard as ferfanging fan it World Trade Center yn New York.
Yn Nederlân hat Libeskind yn 1990 it Stedsmarkearingsplan Grins ûntwurpen. Syn eigen bydrage (ien fan de tsien) wie A Walk along the Border oan de A7 yn Grins.
In Land art projekt fan Libeskind is: Polderland Garden of Love and Fire (1997). Syn wurk heart ta de arsjitekuerstreaming fan it Dekonstruktivisme.
- Michael Lee-Chin Crystal fan it Royal Ontario Museum, 2007
- Stêdsmarkearing by de A7 yn Grins, 1990
- Joadsk Museum Berlyn, 1999
- Imperial War Museum North, 2001
- Westside shopping and leisure complex interior, 2008
- London Metropolitan University, 2004
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
