Springe nei ynhâld

Dûnsje (De Jouwer)

Ut Wikipedy
Dûnsje (De Jouwer)
keunstwurk
Dûnsje
Dûnsje
bysûnderheden
jier2007
keunstnerRob Cerneüs
materiaalbrûns op in sokkel fan hurdstien
plakDe Jouwer
lokaasjeyn de tún foar it Museum De Jouwer

Dûnsje is in keunstwurk fan Rob Cerneüs op De Jouwer.

It byld yn de tún fan Museum De Jouwer toant in dûnsjend pear. De frou wurdt heech optild troch de man. It byld is in geskink fan de stichting 'Cenootschap'. Dy stichting hat as doel "It befoarderjen fan de keunst yn it algemien en dy fan Rob Cerneüs yn it bysûnder". De Monnickendamske byldhouwer hie yn 2009 in tentoanstelling yn it museum.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: