Springe nei ynhâld

Cornelis van Nijmegen Schonegevel

Ut Wikipedy

Cornelis van Nijmegen Schonegevel (Dokkum, 8 desimber 1861 - Wolvegea, 2 febrewaris 1941) wie in Nederlânsk boargemaster en kantonrjochter.

Van Nijmegen Schonegevel wie in soan fan Dionys van Nijmegen Schonegevel, keapman, en Magdalena Wentholt. Hy boaske oan Dieuwke Cath (1872-1946)

Hy studearre rjochten oan de Ryksuniversiteit Grins en promovearre dêr yn july 1892. Hy wie in skoft abbekaat yn Ljouwert oant er yn novimber 1893 ta boargemaster fan de gemeente Gruttegast beneamd waard.[1] Trije jier letter folge syn beneaming ta boargemaster fan Doanjewerstâl. Boppedat wie er plakferfangend kantonrjochter oan it kanton De Lemmer (1898-1907). Op 1 maart 1907 waard er lang om let boargemaster fan Weststellingwerf. Yn 1930 waard er beneamd ta ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.[2] By gelegenheid fan syn sulveren jubileum as boargemaster, waard yn 1932 yn it gemeentehûs in tinkstien ûntbleate.[3] Van Nijmegen Schonegevel waard, op eigen fersyk, per 1 maaie 1934 earfol ûntslein.
Op 26 april late er foar it lêst in riedsgearkomste, syn 284e, wêryn't er oan it begjin it ferstjerren fan keninginne Emma betinkt en letter folget syn ôfskiedstaspraak:
Het spreekt van zelf, dat ik tekortkomingen heb gehad. Toch hoop ik, dat ik naar uw oordeel, raad van Weststellingwerf, zoveel mogelijk ben nagekomen den eed, bij de aanvaarding van mijn ambt afgelegd, dat ik de belangen van de gemeente Weststellingwerf zal voorstaan en bevorderen. Ingezetenen der gemeente, ik breng u hartelijk dank voor de sympathieke wijze, waarop u mij steeds zijt tegemoet gekomen; ik wil u mijnerzijds ook nog wel eens gaarne verzekeren, dat ik met u heb medegeleefd en u van deze plaats uit nog gaarne alle goeds toewensen. Met den wens, dat de gemeente Weststellingwerf in bloei moge toenemen als straks weer eens betere tijden aanbreken, neem ik afscheid van u. Het ga de gemeente wel.

Hy stoar yn de âldens fan 79 jier yn syn wenplak Wolvegea.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Jubileum burgemeester Van Nijmegen Schonegevel yn Nieuwsblad van Friesland, 26 febrewaris 1932, s. 13
  2. Nieuwsblad van het Noorden, 30 augustus 1930, s. 2
  3. Een gedenksteen onthuld yn Nieuwsblad van Friesland, 11 july 1932