Cornelis Gabes Gouma
Cornelis Gabes Gouma (Spangea, 15 augustus 1882 - Grins, 2 jannewaris 1926[1]) wie in Frysk kristenanargist, antymilitêrist, fegetariër, hielûnthâlder en samler fan dingen dy't keunst oanbelangje. Hy wie in freon fan de skilder Jan Mankes.
Gouma wurke fan 1903 oant 1909 by it fegetaryske sanatoarium Natur Heilanstalt Monte Vérità yn Ascona, Italië. Hy bedarre dêr yn in ynternasjonaal fermidden fan frijtinkers. Fan ein 1905 ôf makke er in jier lang reizen troch Italië, Frankryk en Spaansk Baskelân. Nei de sluting fan it sanatoarium gie er werom nei Nederlân.
Letter wenne er op De Knipe dêr't Jan Mankes doe ek wenne en mei wa't er al briefke. De singuliere Gouma, mei syn lange hier en lange burd, kuiere in soad mei Mankes en makke him sadwaande paadwiis yn Skoatterlân. Mankes neamde him de Stapper. Neffens de RKD hat Mankes him ek portretearre
Gouma wenne en wurke letter yn Skerpenseel (Weststellingwerf) en waard dêr ek beïerdige.
Gouma levere bydragen oan ûnder oare de Vegetarische bode.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|