Springe nei ynhâld

Cornelis Ascanius van Sypesteyn

Ut Wikipedy
Cornelis Ascanius van Sypesteyn

Jhr. Cornelis Ascanius van Sypesteyn (Haarlim, 19 maart 1823 - De Haach, 24 septimber 1892) wie in Nederlânsk militêr, amtner, politikus en koloniaal bestjoerder.

Van Sypesteyn, de broer fan Jan Willem van Sypesteyn, gie yn kriichstsjinst en waard yn 1842 2e luitenant by de artillery. Tusken 1846 en 1850 wie hy adjudant fan de gûverneur fan West-Ynje. Hy waard yn 1851 1e luitenant en dêrnei nochris foar trije jier yn de West detasjearre. Yn 1858 befoardere ta kapitein, waard Van Sypesteyn yn 1859 op fersyk earfol ûntslein en waard fan 1862 ôf amtner by it Ministearje fan Koloanjes, earst in jier as kommys en dêrnei noch fjouwer jier as referindaris.

Syn politike karriêre begjint yn 1865 as lid fan de gemeenteried fan De Haach. Twa jier letter wurdt hy, yn de kiesrûnte De Haach, keazen as Twadde Keamerlid. Hy hâldt him dêr eins allinnich dwaande mei koloniale oangelegenheden. Yn 1873 seit hy beide funksjes op en foar it gûverneurskip fan de koloanje Suriname. Van Sypesteyn sil oant novimber 1882 gûverneur bliuwe. Ien fan de wichtichste realisaasjes yn syn bewâld is it ynfieren yn desimber 1876 fan in algemiene learplicht foar bern fan sân oant tolve jier. Suriname is dêrmei it earste gebiet yn it Keninkryk mei in learplicht, Nederlân sels folget pas yn 1901.

Yn De Haach werom, bliuwt hy aktyf yn amtlik fermidden en wurdt yn 1885 fannijs gemeenteriedslid, oant syn dea yn 1892. Ek giet er troch mei syn wittenskiplike ûndersyk dy't de ûndersteande geskriften opleverje:

  • Beschrijving van Suriname, hist geogr. en stat. overzicht uit officieele bronnen bijeen gebragt, (De Haach 1854)
  • Mr. Jan Jacob Mauritius, Gouverneur-generaal van Suriname van 1742-1751 (Den Haag 1858)
  • Voltaire, Saint-Germain, Cagliostro, Mirabeau, in Nederland. Hist. herinneringen uit de achttiende eeuw (dêre 1869)
  • Holland in vroegere tijden. Merkw. personen en schetsen uit het maatschappelijk lezen (dêre 1888)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: