Springe nei ynhâld

Cornelia Stifting

Ut Wikipedy

De Cornelia Stifting is in stifting yn Beetstersweach dy't stifte waard troch de famylje Van Lynden yn 1915. Nei de dea fan de lêste eigener, Van Palland, waard it bûten yn 1910 troch de Haachske Diakonesseferiening 'Bronovo' ynrjochte foar sike, swakke of gebrekkige bern. Yn 1915 wie de ferbouwing klear.

It bûten is neamd nei frelle Cornelia, dochter fan de lêste bewenners Van Lynden, dy't yn 1880 op jonge leeftyd stoar oan tuberkuloaze. Hja brocht siken medisinen út har partikuliere apteekje, in jierdeisgeskink. It geboutsje stiet noch yn de tún fan de Cornelia Stifting. De stifting is yn 1957 erkend as bûtenklinyk foar refalidaasje fan poliobern. Doe kaam ek de Stifting Refalidaasje ta stân, wêryn fertsjintwurdige binne: De Cornelia Stifting, de stifting Refalidaasje Fryslân en de wurkpleats foar minder faliden anneks protezewurkpleats de 'Schakel' yn Beetstersweach. De Cornelia Stifting waard refalidaasjesintrum foar minder falide bern.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: