Corina van Eijk
Corina van Eijk (1963) is toanielskriuwer, regisseur en artistyk lieder fan Opera Spangea út Spangea.
Wurkpaad
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Eijk kaam fan thús fan jongs ôf oan al mei opera yn oanrekking. Sa hie har pake in grutte bânrekorder dêr't alle dagen opera en operette út skalde. Se gie nei de middelbere skoalle yn Ridderkerk, en studearre oan de rezjyôfdieling fan de Toanielakademy yn Maastricht. Nei har stúdzje aktearde hja in seizoen yn it Nederlânsk teatersirkwy en û.o. yn de films Belle en Marie Antoinette is niet dood (rezjy Irma Achten) dêr't se ek de casting foar die. Die ek de casting foar de spylfilm Abeltje nei it boek fan Annie M.G. Schmidt (rezjy Ben Sombogaart).
Se dosearre toaniel oan de sjongstudinten fan it Utertsk Konservatoarium. Dêr regisearre se har earste opera, Der Schauspieldirektor fan Mozart. Sy joech les oan de Akademy foar Ekspresje yn Kampen en oan de Jeugdteaterskoalle Fryslân, dêr't se ek har earste film regisearre. As rezjy-assistint wurke se yn La Monnaie (Brussel) en yn it Aalto teater yn Essen. It operawrâldsje rekke har net echt en se besluet it oars oan te pakken, troch thús yn Spangea mei opera's oan de gong te gean.
Yn 1989 rjochte se Opera Spangea op dat yn har achtertún regisearre waard: l’Elisir D‘Amore fan G. Donizetti (1989). Letter waard dit dien yn in stik lân foar har hûs oer en yn in skuorre. Tsjintwurdich wurde de foarstellings yn in tinte dien.
By de Nasjnale Reisopera regissearre Van Eijk Les Pecheurs des Perles (G. Bizet, 1993) en La Forza del Destino (G. Verdi, 1995).
Yn 1994 regissearre se Samson et Dalila fan C. Saint-Saëns yn it Operahûs fan Nantes (Frankryk). De foarstelling waard troch de parse tige posityf ûntfongen, mar it publyk rôp teksten as: "Alle Hollanders binne fiislakken” en “Yn it kasjot mei de regisseur, ek al is it in frou”.
Sa no en dan ferruilet se de teatertinte fan Spangea foar de skouboarch lykas mei De Saak Hoffmann.
Yn 2004 krige Corina van Eijk de Fryske Anjer. Yn 2006 waard se beneamd ta Ridder in de Oarder fan Oranje-Nassau.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Corina van Eijk, theaterencyclopedie.nl
- IMDb-profyl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |