Springe nei ynhâld

Cor de Wit (1922-2018)

Ut Wikipedy
Cor de Wit (1922-2018)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 2 jannewaris 1922
berteplak Donkerbroek
stoarn 12 jannewaris 2018
stjerplak Twello
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt arsjitekt

Cor de Wit (Donkerbroek, 2 jannewaris 1922 - Twello, 12 jannewaris 2018) wie in Nederlânske arsjitekt, publisist en glêssamler.

De Wit folge de oplieding ta arsjitekt oan de Technyske Hegeskoalle Delft en wie fan 1972 oant 1979 foarsitter fan it Bûn fan Nederlânske Arsjitekten. Hy wie belutsen by de Stichting Goed Wonen en mei troch dy funksje hie er kunde oan in soad modernistyske arsjitekten lykas Mart Stam en Piet Zwart. Hy publisearre in stikmannich wurken oer moderne arsjitekten, designers, en publisearre letter yn eigen behear ferskate essays.

De Wit wie troud mei Sjoukje Jelsma (1920-2009). Hja sammelen fan 'e santiger jierren ôf benammen Skandinavysk glês, unika likegoed as fabryksglês. Harren kolleksje fan 800 stikken donearren sy oan it Museum Boijmans Van Beuningen. Yn 2012 organisearre it museum in tentoanstelling oer en mei Finsk glês út dy kolleksje; sy sammelen spesjaal Finsk glês út de jierren 1950, út de saneamde 'Finske Gouden Jierren', dêr't De Wit ek oer publisearre.

De Wit ferstoar begjin 2018, tsien dagen nei syn 96e jierdei.

  • Johan Niegeman 1902-1977. Bauhaus, Sowjet Unie, Amsterdam. [Z.p.], 1979.
  • Chris en Agathe Wegerif. Dragers van de nieuwe kunst in Apeldoorn. Apeldoarn, [1994].

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: