Springe nei ynhâld

Cor Ruys

Ut Wikipedy
Cor Ruys
akteur
Cor Ruys (ca. 1935)
Cor Ruys (ca. 1935)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 10 febrewaris 1889
berteplak Amsterdam
stoarn 22 septimber 1952 (63 jier)
stjerplak Amsterdam
jierren aktyf 1905-?
offisjele webside
(in) IMDb-profyl

Cor Ruys (Amsterdam, 10 febrewaris 1889 – dêre, 22 septimber 1952) wie in Nederlânsk toanielspiler, komyk, kabaretier en toaniellieder. Hy spile ûnder mear "Potasch" yn Potasch en Perlemoer fan Montague Glass.

Ruys begjint yn 1905 by de Nederlandsche Tooneelvereeniging fan Chrispijn. Fan 1913 ôf wurket er by Eduard Verkade en makke er mei him syn earste reis nei Nederlânsk-Ynje. Yn 1919 gie Ruys fannijs nei Ynje, no as direkteur fan in selskip.
Fan 1922 oant 1924 wie er direkteur fan de Princesse Schouwburg yn De Haach. Yn 1924 waard die direkteur fan it Nederlandsch-Indisch Tooneel, mar gie ek noch as akteur op toernee.
Yn de simmers fan 1940 oant 1943 wie er lieder fan it Kurhaus Cabaret te Skeveningen en fan 1945 oant 1952 wie direkteur fan it yn 1940 stichte Het Vrije Toneel. Dit selskip hie er tegearre mei syn broer Anton Ruys (1892-1955), ûnder de namme Het Ruys Ensemble.

Neist kabaretier wie Ruys ek in komysk akteur dy't him talei op ymprovisearjen.

Hy wie in neef fan akteur Willy Ruys. Tilly Lus (1888–1971) wie syn oarehelte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]