Springe nei ynhâld

Clara Hughes

Ut Wikipedy
Clara Hughes
sporter
Clara Hughes (2007)
Clara Hughes (2007)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeClara Hughes
nasjonaliteit Kanadeesk
bertedatum27 septimber 1972
berteplakWinnipeg
lingte1.76 m
gewicht69 kg
sportive ynformaasje
sportReedriden
Hurdfytsen
ûnderdielLangebaan
O.S.Atlanta 1996,
Salt Lake City 2002,
Turyn 2006,
Vancouver 2010,
Londen 2012
debút2001
karriêre-ein2012
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 2006
1x sulver Olympyske Spullen 2006
4x brûns Olympyske Spullen 1996, 2002, 2010

Clara Hughes (Winnipeg, 27 septimber 1972) is in earder Kanadeesk reedrydster en Hurdfytster.

Hughes begûn har sportkarriêre as reedrydster, mar stapte yn 1990 oer nei it hurdfytsen. Dêr helle sy har earste grutte suksessen: sy wûn twa brûnzen medaljes by it hurdfytsen op de Olympyske Simmerspullen 1996 en die fjouwer kear mei oan de Tour Feminin. Yn 2000 gie sy wer reedriden.

Sy die seis kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 2002, 2006 en 2010). Sy waard by dizze kampioenskippen ien kear Olympyske kampioen. Nei de spullen fan 2010 hold Hughes op mei it reedriden op heech nivo, en gie wer hurdfytsen.

Yn 2012 die Hughes foar de twadde kear mei oan de Olympyske Simmerspullen. Sy waard hjir 5e yn de tiidrit en 32ste by de dykwestriid. Nei de Spullen fan 2012 is it frijwat stil wurden omtrint de karriêre fan Clara Hughes.

Persoanlike rekôrs Reedriden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 41,19 12 oktober 2006 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary
1000 meter 1.18,74 23 desimber 2006 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary
1500 meter 1.57,46 20 novimber 2005 flagge fan de Feriene Steaten Utah Olympic Oval, Salt Lake City
3 km 3.59,06 18 novimber 2005 flagge fan de Feriene Steaten Utah Olympic Oval, Salt Lake City
5 km 6.53,04 13 jannewaris 2008 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary
10 km 14.19,73 11 maart 2005 flagge fan Kanada Olympic Oval, Calgary

Resultaten Reedriden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
jier WK
Allround
WK
Ofstannen
Olympyske
Spullen
20013 km, 11e
20023 km, 10e
5 km, Brûns
20036e3 km, 4e
5 km, Sulver
200410e3 km, 4e
5 km, Goud
200512e3 km, 5e
5 km, Brûns
ploege-efterfolging, Sulver
20063 km, 9e
5 km, Goud
ploege-efterfolging, Sulver
200717e3 km, 13e
200811e3 km, 6e
5 km, Sulver
200919e3 km, Diskwalifisearre
5 km, Sulver
20103 km, 5e
5 km, Brûns
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL
  • Wikipedy:EN