Claes Hillebrants
Appearance
Claes Hillebrants, ek wol: Danswycker, ( Akkrum - Ljouwert, febrewaris 1572 ), wie in wettergeus.
Omt hy him yn maaie 1568 oansluet by it leger fan greve Loadewyk fan Nassau yn Grinslân, waard hy troch Alva op 18 maaie 1569 ferband, it fûnis waard op 21 maaie fan dat jier ôfkundige.
Letter gie hy by de wettergeuzen, die mei oan harren lângongen yn Fryslân. Waard yn jannewaris 1572 finzen nomd en nei Ljouwert ta brocht. Der wie in priis fan 50 karolusgûnen op syn holle setten, dy't oan Focco Teyes, grytman fan Opsterlân útbetelle waard. Hy siet 55 dagen finzen. By fûnis fan 12 febrewaris 1572 fan it Hof fan Fryslân waard hy feroardield om rêdbrake te wurden mei ferbeurdferklearring fan syn guod.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|