Christine McVie

Ut Wikipedy
Christine McVie
sjonger en/of muzikant
Christine McVie (2017)
Christine McVie (2017)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Christine Anne Perfect
nasjonaliteit Britsk
berne 12 july 1943
berteplak Bouth
stoarn 30 novimber 2022
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
sjenre Rock
sjongtaal Ingelsk
ynstrumint Toetsen
jierren aktyf 1966-2022

Christine McVie berne as Christine Anne Perfect (Bouth Kumbria, 12 july 1943 - 30 novimber 2022) wie in Ingelsk sjongeres en toetsenist. Sy waard benammen bekend as sjongeres en toetsenist fan de band Fleetwood Mac.

Kariêrre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

McVie begûn op har alfde muzyk meitsjen. Se naam lessen yn klassike muzyk oant sy in jier as fyftjin wie. Doe krige se fan har âldere broer John in lieteboek fan Fats Domino en dêrnei gie hja oer op rock-'n-roll.

Se studearre fiif jier oan in keunstakademy yn Birmingham om keunstûnderwiis jaan te kinnen. Yn dy tiid kaam se yn oanrekking mei de Ingelske blues-scene. It jaan fan keunstlessen wie gjin fetpot en se ferhuze nei Londen om as etaleur oan it wurk te gean. Yn dy tiid waard se lid fan de bluesband Chicken Shack, dat yn 1968 in hit hie mei it troch har songen nûmer I'd rather go blind.

Nei't se earder al mei Fleetwood Mac meispile hie as gastmuzikant op in studio-album, waard se lid fan de band en boaske se mei de bassist John McVie. Begjin jierren 90 hold se op mei aktyf muzyk meitsjen om't fanalles har tsjin stean gean wie, mar kaam ein jierren 90 begjin 2000 soe se dochs wer muzyk meitsje; yn 2014 kaam se sels wer werom by Fleetwood Mac.

Christine McVie ferstoar op 30 novimber 2022 yn 'e âldens fan 79 jier nei in koart siik wêzen.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht op Band Single(s)
40 Blue Fingers,
Freshly Packed
and Ready to Serve
juny 1968 Chicken Shack
O.K. Ken? febrewaris 1969
Christine Perfect 1970 Christine Perfect
(Christine McVie)
Future Games 3 septimber 1971 Fleetwood Mac
Bare Trees maart 1972
Penguin maart 1973 Did You Ever Love Me
Mystery to Me 15 oktober 1973 Hypnotized
Heroes Are Hard to Find 13 septimber 1974
Fleetwood Mac
The White Album
11 july 1975 Over My Head,
Warm Ways,
Rhiannon,
Say You Love Me
Rumours 4 febrewaris 1977 Go Your Own Way,
Dreams,
Don't Stop,
You Make Loving Fun
Tusk 12 oktober 1979 Tusk,
Sara,
Not That Funny,
Think About Me,
Sisters of the Moon,
Angel
Mirage 18 juny 1982 Hold Me,
Gypsy,
Love in Store,
Oh Diane,
Can't Go Back
Christine McVie 27 jannewaris 1984 Christine McVie
Tango in the Night 13 april 1987 Fleetwood Mac Big Love,
Seven Wonders,
Little Lies,
Everywhere,
Family Man,
Isn't It Midnight
Behind the Mask 9 april 1990 Save Me,
Skies the Limit,
In the Back of My Mind,
Hard Feelings
Time 10 oktober 1995 I Do
In the Meantime 7 septimber 2004 Christine McVie
Lindsey Buckingham Christine McVie
(mei Lindsey Buckingham)
9 juny 2017 In My World,
Red Sun,
Feel About You,
Lay Down for Free

As gastmuzikant[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Album Utbrocht yn Mei band
Then Play On 1969 Fleetwood Mac
Fleetwood Mac in Chicago 1969
Kiln House 1970

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: