Springe nei ynhâld

Christiaan Boers

Ut Wikipedy
Kaptein Boers yn 1940
Foto fan Boers mei oarkonde foar de takenning fan it Brûnzen Krús

Christianus Franciscus Johannes (Christiaan) Boers (De Haach, 24 oktober 1889Oranienburg, 3 maaie 1942) wie in Nederlânsk beropsmilitêr. Boers wie kaptein by de Keninklike Lânmacht. By de Dútske oanfal op Nederlân yn 1940 wie er kommandant fan de moderne Stelling Koarnwertersân. Dat wie ien fan mar in pear plakken yn West-Jeropa dêr't it de Dútske troepen ûnder de Blitzkrieg net slagge om troch te brekken.

Boers hie it kommando oer sa'n 250 man dy't yn de ferskate swiere kazematten húsmannen. It kompleks hie in grut tal bunkers mei mitrailleurs en licht geskut en wie tarist foar in lange belegering. De ferdigening fan de kop fan de dyk en de see rûnom wie de iennichste taak fan it detasjemint dêr't Boers it befel oer hie. De earste oarlochsdagen wiene de Dútsers dwaande troch de Wûnsliny te brekken rjochting de Ofslútdyk. Dêrnei ferkenden se de paratens fan de ferdigening by Koarnwertersân.

Op 13 maaie 1940 iepenen de Dútsers it fjoer op de stelling. Dêrnei sjoerden se ferkenners en stjittroepen op fytsen de Ofslútdyk op. Boers wachte kalm ôf oant de Dútsers op sa'n 800 meter fan de stelling kaam wiene en liet doe fjoer jaan út kazemat VI wei. Dêrnei waarden de flechtsjende Dútsers út kazemat II wei besketten. Nei oardel oere wie de striid oer; der folgen fierder gjin Dútske oanfallen mear. Boers wie sa optein oer it ôfwarjen fan de oanfal dat er op 14 maaie in tsjinoanfal útstelde om de Dútsers út Fryslân te feechjen.[1] In dei letter joegen de Nederlânske striidkrêften harren lykwols oer.

Nei de kapitulaasje gie Boers by it ferset. Hy waard lid fan de Oardertsjinst (OD), in organisaasje dy't hast hielendal laat waard troch (âld-)ofsieren. Yn de maitiid en simmer fan 1941 folge in rige arrestaasjes binnen de OD, nei in Dútske penetraasje fan de organisaasje. Nei in skoft fan ferhearen en Dútsk ûndersyk kaam der in massaproses, dat ynformeel as it "1e Ordedienst Proces" bekend stiet. Totaal waarden 79 man ta de dea feroardield. Sy waarden allegear nei konsintraasjekamp Sachsenhausen oerbrocht. Dêr waarden Boers en 71 oare OD-leden op 3 maaie 1942 eksekutearre yn it Kommando Oraniënburg. Boers is dêr mei de oaren yn in massagrêf bedobbe.

Op 9 maaie 1946 waard Boers postúm it Brûnzen Krús takend foar syn fertsjinsten as kommandant fan fort Koarnwertersân.

Dêr waard ek in momumint foar kaptein Boers en luitenant G.J. Ham oprjochte.[2]

Op 28 juny 2005 waard it fiadukt Koarnwertersân omneamd yn Kapitein Boers Viaduct. It nammeboerd waard ûntfâlde troch Boers syn soan Dick Boers en syn pakesizzer Guus Boers.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kornwerderzand. De strijd om de afsluitdijk. Mei 1940, Toen en NU, Strijdbewijs.nl
  2. Monument C.F.J. Boers en Q.J. Ham, TracesOfWar.nl
  3. Viaduct over Afsluitdijk vernoemd naar kapitein Boers en manschappen, Friesch Dagblad, 29 juny 2005