Christ Cathedral (Garden Grove)

Ut Wikipedy
Kristus Katedraal

Christ Cathedral

Lokaasje
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
county Orange
plak Garden Grove
koördinaten 33° 47' N 117° 53' W
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Roomsk-Katolike Tsjerke
bisdom Orange
Arsjitektuer
arsjitekt Philip Johnson
boujier 1977-1990
Webside
christcathedral
Kaart
Christ Cathedral (Kalifornje)
Christ Cathedral

De Christ Cathedral (fral noch bekend as de Crystal Cathedral) is in roomske katedraal yn Garden Grove yn Kalifornje. Oant de oername troch de Roomsk-Katolike Tsjerke yn 2011 stie it gebou ek bekend by in soad protestanten fanwegen de op tillefyzje útstjoerde tsjinsten fan Hour of Power. Sûnt dy tiid is it tsjerkegebou ferboud om it ynterieur geskikt te meitsjen foar de roomske liturgy.

Oarsprong[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynterieur fan 'e tsjerke doe't it noch in protestantsk gebou wie.

Yn 1955 stifte Robert H. Schuller mei syn frou Arvella de by de Herfoarme Tsjerke fan Amearika oansletten Garden Grove-tsjerkemienskip. De earste tsjerketsjinsten fan 'e gemeente waarden fierd yn it Orange Drive-In-teäter. De gemeente ferhûze yn 1971 nei de hjoeddeiske lokaasje en der waard in nije tsjerke boud, dy't no bekend stiet as it Arboretum. Earder yn 1968 wie der al foar kantoarwurk en aktiviteiten in Tower of Hope boud.

Fanwegen de grutte oanrin joech Schuller oan 'e arsjitekt Philip Johnson opdracht om in gruttere, unike tsjerke fan glês te ûntwerpen. De bou sette útein yn 1977 en waard foltôge yn 1980. De tsjerke hat in stjerfoarmich grûnflak en bestiet út in 142 meter lange en 40 meter hege staalkonstruksje mei sa'n 10.000 glêsfinsters. Om in ierdskodding fan 8.0 op 'e skaal fan Richter te wjerstean binne, njonken oare maatregels, de rjochthoekige glêsplaten net fêst montearre mar oan it gebou elastysk ferlime. Yn 'e tsjerke is romte foar 3.000 besikers. By de ferhûzing fan it "âlde" gebou nei de glêzen nijbou keas de kongregaasje foar de namme "Crystal Cathedral". It gebou is lykwols net fan kristal boud en likemin wie it doe in katedraal. De 73 meter hege "Prayer Spire" mei dêryn 52 klokken waard yn 1990 tafoege.

Tillefyzje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1971 oant 2013 waard alle wiken de sneinske tsjinst Hour of Power út de Crystal Cathedral wei útstjoerd. De útstjoerings wiene yn likernôch 200 lannen te sjen en rûsd wurdt dat der sa'n 40 miljoen minsken de tsjinsten folgen. Mear as in tredde fan 'e ynkomsten fan 'e gemeenten (jeften, legaten) waard brûkt om stjoertiid te keapjen.

Skulden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2006 droech dûmny Schuller de lieding fan de tsjerke oer oan syn soan Robert Anthony, mar dy waard twa jier letter wer oan de kant set. De ekonomyske delgong mar benammen ek it skeel yn 'e famylje Schuller droegen by oan de foarse efterútgong fan 'e ynkomsten. Oan it begjin fan 2010 spanden skuldeaskers fan Crystal Cathedral Ministries rjochtsaken oan, om jild te ynkassearjen foar it leverjen fan guod, tsjinsten en it útstjoeren fan it programma "Hour of Power". Yn oktober 2010 moast de tsjerke fanwegen in skuld fan USD 43 miljoen oan hypoteek en USD 7.5 miljoen oare foarderings útstel fan beteljen oanfreegje.[1][2]

Oername[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It ynterieur fan 'e katolike katedraal.

De tsjerke fan Schuller krige oanbiedings fan in ynvestearringsgroep en de tichteby lizzende Chapman University. Op 7 july 2011 ferklearre ek it roomsk-katolike bisdom ynteresse te hawwen om de Crystal Cathedral oer te keapjen. It bisdom Orange hie earder al lân yn Sant Ana kocht en wie al útein set mei plannen om in nije en gruttere katedraal te bouwen. It tal katoliken fan it bisdom wie fan 1976 fan 300.000 tanommen ta mear as 1,5 miljoen en de besteande Katedraal fan 'e Hillige Famylje wie mei in kapasiteit fan mar 800 plakken fanwegen dy oanwaaks fierstente lyts woarn.[3]

Op 17 novimber 2011 joech in federale rjochter syn tastimming foar de ferkeap fan 'e Crystal Cathedral oan it bisdom fan Orange foar in bedrach fan USD 57,5 miljoen. Nei in grutte ferbouwing en it geskikt meitsjen fan it ynterieur foar de katolike earetsjinst waard de tsjerke as katedraal fan it bisdom op 17 july 2019 plechtich ynwijd.[4]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hazel Wright-oargel.

It oargel fan 'e katedraal waard ferneamd nei Hazel Wright, in frou út Chicago dy't de útstjoerings fan Hour of Power folge en mei in jefte fan USD 2 miljoen de bou mooglik makke. De Italjaanske firma Fratelli Ruffatti boude it ynstrumint. It Hazel Wright-oargel bestiet út in kombinaasje fan twa oargels: in oargel út 1962 mei 100 registers út it New Yorker Lincoln Center en in yn 1977 boud oargel fan 94 registers, dat al brûkt waard troch de gemeente. Yn it ramt fan 'e bou fan it oargel yn 1982 waard it ynstrumint útwreide mei 29 registers. Troch noch mear útwreidings telt it oargel no 270 registers, 31 digitale registers en mear as 16.000 pipen. It fiifmanualige ynstrumint wurdt fan twa spyltafels oanspile en heart ta de fiif grutste oargels fan 'e wrâld (2019).

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Interior of Christ Cathedral (Garden Grove, California)