Springe nei ynhâld

Chora-tsjerke

Ut Wikipedy
Chora-tsjerke

Ἐκκλησία τοῦ Ἁγίου Σωτῆρος ἐν τῇ Χώρᾳ Kariye Kilisesi

bouwurk
lokaasje
lân Turkije
plak Fatih-Istanbûl
adres Dervişali, Kariye Cami Sk. No:18
bysûnderheden
type bouwurk oarspronklik tsjerke, dêrnei moskee; tsjintwurdich museum
boujier Fanôf de 5e iuw
boustyl Byzantynske arsjitektuer
offisjele webside
Side museum

De Tsjerke fan Hillige Ferlosser yn Chora (Gryksk]: Ἐκκλησία τοῦ Ἁγίου Σωτῆρος ἐν τῇ Χώρᾳ, Turksk: Kariye Müzesi, Kariye Camii, Kariye Kilisesi) is in midsiuwske byzantynske tsjerke yn it westlike wyk Edirnekapı yn it distrikt Fatih fan de Turkske haadstêd Istanbûl. De tsjerke waard in heale iuw nei de fal fan Konstantinopel yn de 16e iuw yn in moskee feroare en is sûnt 1948 in museum.

De tsjerke is fan binnen oerdutsen mei âlde byzantynske mozaïken en fresko's, dy't nei't de moskee in museum waard wer foar it ljocht helle binne.

De Chora-tsjerke foarme ûnderwerp fan in kampanje fan it Turkske regear om oarspronklik byzantynske tsjerken, dy't as museum tsjinnen, op 'e nij yn in moskeeën te feroarjen.[1][2] Yn 2020 makke Recep Tayyip Erdogan bekend dat nei de Aya Sofia earder ek de Chora-tsjerke wer as moskee yn gebrûk nommen is. As de moskee brûkt wurdt, wurde de kristlike foarstellings oan de muorren mei gerdinen oerdutsen. [3]

Beskildere koepel fan de sydkapel fan de Chora-tsjerke

Oarspronklik waard de Chora-tsjerke as ûnderdiel fan in kleaster bûten de muorren fan Konstantinopêl boud. Letterlik oerset betsjutte de namme de "Tsjerke fan de hillige Ferlosser op it fjild". It wurd Chora, de ferkoarte namme fan de tsjerke, ferwiist nei de oarspronklike lokaasje bûten de muorren.

De earste tsjerke op itselde plak waard oan it begjin fan de 4e iuw boud. Doe't Teodosius yn de jierren 413-414 nije muorren om de stêd boude kaam de tsjerke yn it ommuorre stedsgebiet te lizzen, mar de namme Chora bleau bestean. Chora droech ek in symboalyske betsjutting: de mozaïeken yn de narteks beskriuwe Kristus as it "Lân fan de Libbenen" en Marije as it "Lân fan de Uneinige".

It grutste part fan it hjoeddeiske gebou stamt fan de jierren 1077-1081, doe Maria Dukaina, de skoanmem fan Aleksius I Komnenus, de tsjerke op 'e nij boud as in krústsjerke. Mooglik troch in ierdskodding stoarte de tsjerke yn de 12e iuw foar in part yn. Aleksius tredde soan, Izaäk Komnenus, droech soarch foar de weropbou, mar de foltôging fan de tsjerke sa't dy der no stiet datearret fan twa iuwen letter.

Teodorus Metochites, de machtige kânselier en skathâlder ûnder Andronikos II Palaiologos, ferrike yn de jierren 1315-1321 yn it ramt fan in restauraasje de tsjerke mei in soad mozaïeken en fresko's. De mozaïeken binne it wichtichste foarbyld fan de renêssânse fan de Paleologen. Wa't de keunstwurken oanbrocht hawwe is fierder net bekend. Metochites libbe nei in tydlike ferballing fan twa jier as muonts by de tsjerke, oant er op 13 maaie 1331 ferstoar. Hy waard yn it noardeastlike ein fan de kapel byset.

Likernôch in heale iuw nei de ferovering fan Konstantinopel troch de Ottomanen waard de Chora-tsjerke fan de kristenen ôfnommen en yn opdracht fan Atık Ali Paşa, de grutfizier fan Bayezid II, yn in moskee feroare en omdoopt ta Kariye Camii. De mozaïken waarden oerkalke. Dat en de ierdskoddings hawwe de rike mozaykdekoraasjes gjin goed dien.

Yn 1948 betellen de Amerikanen Thomas Whittemore en Paul A. Underwood fan it Byzantine Institute of America en it Dumbarton Oaks Center for Byzantine Studies in restauraasje. Fanôf dat momint wie it gjin moskee mear. Yn 1958 waard it gebou op 'e nij iepene as museum: it Kariye Müzesi. Op oantrún fan Recep Tayyip Erdogan waard de tsjerke yn it ramt fan it islamisearjen fan oarspronklik kristlike gebouwen sûnt 020 wer in moskee.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Chora Church