Chevrierboskmûs

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Chevrierboskmûs
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
famylje: mûseftigen (Muridae)
skaai: boskmûzen (Apodemus)
soarte
Apodemus chevrieri
Milne-Edwards, 1868
IUCN-status: net bedrige

De chevrierboskmûs of Chevriers boskmûs (Latynske namme: Apodemus chevrieri) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e mûseftigen (Muridae) en it skaai fan 'e boskmûzen (Apodemus), dat inkeld foarkomt yn sintraal Sina (de provinsjes Shaanxi, Sichuan en Guizhou, it suden fan Gansu en it westen fan Hubei en Yunnan).

Besibskip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dizze soarte is nau besibbe mei de brânmûs (Apodemus agrarius), dy't û.m. yn East-Jeropa en Noard-Fryslân foarkomt (mar net yn Nederlân). Foarhinne waarden de chevriermûs en de brânmûs sels wol ta ien soarte rekkene, oant de chevriermûs yn 1868 as in selsstannige soarte erkend waard.

In grut part fan it ferspriedingsgebiet fan 'e chevriermûs oerlapet dat fan 'e brânmûs, en teffens dat fan 'e minder nau besibbe Súdsineeske boskmûs (Apodemus draco). Yn Sichuan en Guizhou binne fossilen fan 'e chevriermûs en besibbe soarten fûn dy't tebek geane oant it Iere Pleistoseen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.