Springe nei ynhâld

Chathamseachbek

Ut Wikipedy
Chathamseachbek

subfossyl fûn oan 'e westkust fan 'e Te Whanga-lagune op Chathameilân.
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift goeseftigen (Ansariformes)
famylje einfûgels (Anatidae)
skaai seachbekken (Mergus)
soarte
† Mergus milleneri
Williams & Tennyson, 2014
útstoarn

De Chathamseachbek (Mergus milleneri) is in útstoarne einfûgel út it skaai seachbekken (Mergus). De fûgel libbe op de Nijseelânske Chathameilannen. De binomiale namme ferwiist nei Philip Millener, dy't materiaal fan 'e soarte sammele.

De soarte is allinne bekend fanwegen de fynst fan subfossilen. Oer de fûgel is net in soad bekend. It wie de lytste fan alle Mergussoarten. Neffens de fynsten kaam de fûgel op it hiele eilân foar, mar net op it lytsere tichteby lizzende eilân.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dit artikel is foar in grut part in oersetting fan 'e Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar boarnen en oare ferwizings op en:Chatham Island merganser