Nijseelânske seachbek
Nijseelânske seachbek | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Mergus australs | ||||||||||||
Hombron & Jacquinot, 1841 | ||||||||||||
útstoarn | ||||||||||||
De Nijseelânske seachbek of Aucklandseachbek (Mergus australis) is in útstoarne einfûgel út it skaai seachbekken (Mergus). De fûgel libbe eartiids yn Nij-Seelân en de Maori's joegen sa bot op fûgels, dat se al foar de komst fan 'e Europeanen yn it grut part fan Nij-Seelân útroege wiene. Troch de feroaring fan it biotoop en de ynfiering fan bargen, skiep, geiten, katten en hûnen stoaren de fûgels ek yn harren lêste gebieten oan it begjin fan 'e 20e iuw folslein út.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte wie de iennige fertsjintwurdiger fan it skaai yn Nij-Seelân. De koarte wjukken fan 'e fûgel tsjutte der op dat de fûgel in beheind fleanfermogen hie.
Nijseelânske seachbekken waarden likernôch 58 sm grut en hiene in gewicht fan 900 gr. Se liken op it wyfke fan in grutte seachbek, mar wiene lytser en donkerder. De kop wie readbrún en hie in donkerbrune iris, wylst de kiel en nekke oranjebrún wiene. Syn swart oant gieloranje snaffel wie langer as dy fan oare soarten yn it skaai. Jerken hiene in fiif oant seis sm lange readbrune toef, by wyfkes wie dy toef koarter.
De rêch, skouders en de sturt wiene blauswart. De wjukken wiene jiskegriis mei swarte slachpinnen en oan 'e sekundêre slachpinnen in wite râne. It grize boarst hie in ljocht, skobbich patroan dat op de ûnderkant fan it bealchje yn in griis en wyt spikkelich patroan oergie. De poaten fan 'e fûgels wie readbrún mei in rôze tint.
Juvenile fûgels hiene gjin toef. De piken wiene boppe foar it grutste part donkerbrún oant swart. Se hiene bleke plakken oan it ein fan 'e romp. De kin, kiel en it boarst wiene kastanjebrún. Under de eagen hiene de piken ek kastanjekleurige plakken. Oars as de oare seachbekken hiene de piken gjin wite streken op it gesicht.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Troch fynsten fan bonken is it bekend dat de fûgel njonken de Aucklandeilannen foarhinne ek op it Nij-Seelânske fêstelân en op Stewarteilân libbe. De measte resten fan 'e fûgels wurde yn kustkriten fûn. Fan teminsten twa fûgels binne ek resten by Lake Poukawa opgroeven. Ek op de Chathameilannen binne bonken fan einen fûn, dy't in soad oerienkomsten mei dy fan 'e Nijseelânske seachbek hawwe. By in troch rotten útroege einesoarte fan it Campbelleilân, dy't yn 1842 troch Robert McCormick as seachbek beskreaun waard, giet it nei alle gedachten om in populaasje fan 'e Campbelltsjilling (Anas nesiotis) of de Wynbrau-ein (Anas superciliosa).
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut de ynhâld fan in deade fûgel koe fêststeld wurde dat de Nijseelânske seachbekken fisken en wringeleaze wetterdieren iet. Syn snaffel wie langer as dy fan oare soarten en hy koe poerbêst dûke, mar fanwegen de koarte wjukken min fleane. Nei alle gedachten bleau in pearke it hiele jier troch byioar. Tusken novimber en desimber waard der bret. In lechsel bestie út teminsten fiif aaien.
Utstjerren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei alle gedachten stoar de Nijseelânske seachbek op it fêstelân fan Nij-Seelân al yn 'e 13e of 14e iuw út, noch fier foar de komst fan 'e Europeanen. By opgravingen fan jiskebulten fan Maori's waarden ferskillende bonken fan 'e fûgel fûn, wylst oars selden resten fan 'e soarte oerbleaun binne. Dat wurdt as bewiis oandroegen dat de Maori's in soad op 'e fûgel joegen. Yn 'e 19e iuw kaam de Nijseelânske seachbek allinne noch yn gruttere oantallen op 'e Aucklandeilannen foar. In pear eksimplaren oerlibben mooglik noch yn ûntagonklike gebieten oan 'e noardlike en eastlike kust fan Nij-Seelân.
Om 1806 hinne waarden op 'e Aucklandeilannen bargen ynfierd, dy't in foarse tebekgong fan 'e fûgels feroarsaken. Nij-Seelânske seachbekken waarden by in Frânske ekspedysje yn 1840 foar it earst sammele en yn 1841 wittenskiplik beskreaun. Nei 1850 ferneatigen kij, geiten en skiep it biotoop fan 'e seachbekken. Wannear't de hûnen, katten en rotten op 'e eilannen kamen is net bekend. Sy joegen de fûgels de genedeklap.
Foar musea binne 25 fûgels sammele. Dêrûnder ek it lêste pearke, dat op 9 jannewaris 1902 troch Lord Ranfurly deasketten waard. Yn 1909 waard der noch socht nei de fûgels, mar sûnder sukses. Yn 1910 waard in reservaat op 'e Aucklandeilannen ynsteld. By in lêste ekspedysje yn 1973 waarden ek gjin Nijeseelânske seachbekken mear waarnommen. Dêrmei waard de befêstiging levere dat de fûgel al lang lyn útstoarn wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dit artikel is foar in grut part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar boarnen en oare ferwizings op de:Aucklandsäger
|