Springe nei ynhâld

Chantal Boonacker

Ut Wikipedy
Chantal Boonacker
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Chantal Wilma Bianca Boonacker
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 23 maart 1977
berteplak Nieuwegein
stjerdatum 29 jannewaris 2021
sportive ynformaasje
sport swimmen
ûnderdiel frije slach,
rêchslach
earste titel Nederlânsk kampioenskip 1997
P.S. Sydney 2000,
Athene 2004,
Peking 2008
debút 1997
karriêre-ein 2008
wichtige prestaasjes
2x brûns Paralympyske Spullen 2004, 2008
2x sulver WK 2002, 2006
1x brûns WK 2002

Chantal Wilma Bianca Boonacker (Nieuwegein, 23 maart 1977 - 29 jannewaris 2021) wie in Nederlânsk swimster, benammen spesjalisearre op de 50, 100 en 400 meter frije slach en de 100 meter rêchslach. Boonacker wenne yn Nieuwegein en trainde dêr by swimferiening Aquarijn.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sy die trije kear mei oan de Paralympyske simmerspullen (yn 2000, 2004 en 2008). Sy wist by dizze kampioenskippen twa kear in brûnzen medalje te beheljen op de 100 meter rêchslach. Yn 2004 Ta gefolch fan har progressive sykte kaam sy oan it begjin fan har karriêre út yn de S8 klasse en letter yn de klasse S7.

Boonacker folge de stúdzje biomedyske sûnenswittenskippen oan de Radboud Universiteit yn Nimwegen. Begjin 2008 begûn sy oan har promoasjeûndersyk yn it UMC te Utert; yn 2012 promovearre sy op Evidence into practice. Upper respiratory tract infections in children / Fan kennis nei praktyk. Boppeste luchtweiynfeksjes by bern.

Chantal Boonacker ferstoar op 29 jannewaris 2021, yn 'e aldens fan 43 jier, nei in tiid fan ôfnimmende sûnens.[1][2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) DUB.uu.nl, 2-9-2021, Former teacher and Paralympic medallist Chantal Boonacker passes away aged 43, riedplachte op 15-2-2024
  2. (ned) Volkskrant.nl, 23-2-2021, Chantal Boonacker won medailles als paralympisch atleet en leidde als epidemioloog tal van leerlingen op, riedplachte op 15-2-2024