Cees den Heyer

Ut Wikipedy
Cees den Heyer
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 6 april 1942
berteplak Skeveningen
stoarn 31 maart 2021
wurkpaad
berop/amt Teolooch, heechlearaar
aktyf as Heechlearaar, publisist
reden
  bekendheid
Krityk op de fermoedsoeningslear
offisjele webside
Gjin

Cees J. den Heyer (Skeveningen, 6 april 194231 maart 2021) wie yn Nederlânske protestantske teolooch.[1] Mei teologen as Herman Wiersinga en Harry Kuitert liet er grifformearden oars tsjin de wierens fan grifformeare dogmas sjen.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Heyer wie fan 1 jannewaris 2002 heechlearaar Nije Testamint en Bibelske Teology oan de Teologyske Universiteit Kampen. Dêrnei wie er oant 2007 dosint Bibelske Teology oan it Doperske Seminaarje yn Amsterdam. Hy publisearre boeken oer Jezus Kristus en Paulus en in teologysk selsportret ûnder de titel Ruim geloven (2000).

Den Heyer kaam benammen yn it nijs troch de publikaasje fan syn boek oer de fermoedsoeningslear, sa't dy yn de klassike kristology as dogma fêstlein is. Nei yngeand ûndersyk kaam er ta de konklúzje dat de fermoedsoeningslear sa't dy yn de dogmatyk fan de (otterdokske-)protestantske tsjerken útienset wurdt, net strike soe mei de teksten yn de evangeeljes út it Nije Testamint. Benammentlik it dogma fan de fersoenende betsjutting fan it lijen en stjerren fan Jezus Kristus soe net werom te finen wêze yn de Bibelske geskriften. De fûle diskusjes dy't dêroer yn de tsjerken ûntstiene, diene Den Heyer lang om let besluten de Grifformearde Tsjerke te ferlitten.

Yn it boek Van Jezus naar Christendom. De ontwikkeling van tekst tot dogma (2005) beskreau Den Heyer hoe't teksten út ferskate boarnen laat hawwe soene ta de úteinlike klassike kristologyske dogmas. De oanlieding foar syn boek wie de idee dat dy dogmas de leauwige kristen fan hjoed-de-dei net folle mear sizze soene. Neffens him soe der neat oars oerbleauwe as werom te gean nei de boarnen en te sykjen nei nije fynplakken fan ynspiraasje foar de útlis fan de Bibelske teksten, ûnder oaren mei help fa resinte publikaasjes, stúdzjes en ûntdekkingen lykas de Nag Hammadigeskriften en de Deade Seerollen.

Yn 2017/2018 joech er yn it ramt fan de Kroankursus fan it Dopersk Seminaarje in kursus mei as tema "Jezus, een geschiedenis".[2]

Den Heyer stoar op 31 maart 2021 yn de âlderdom fan 78 jier by in auto-ûngemak op 20 maart 2021.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Was Jezus een Farizeeër? (petearboekje) - 1974
  • Matteüs en de Joden (brosjuere yn de rige Verkenning & Bezinning, 8e jiergong, nr. 3, desimber 1974) - 1974
  • Joodse literatuur over het lijdensverhaal van Jezus (brosjuere Verkenning & Bezinning, 11e jiergong, nr. 3, desimber 1977) - 1977
  • Exegetische methoden in discussie. Een analyse van Marcus 10,46-13,37 - 1978 (dissertaasje)
  • Struktuur-analyse. Yn: Gereformeerd Theologisch Tijdschrift 79 - 1979
  • Het Nieuwe Testament na Auschwitz. Yn: Willem Zuidema e.o., Isaak wordt weer geofferd. De verwerking van de Holocaust door jodendom en christendom - 1980
  • Inleiding. Yn: A. Schweitzer, Jezus. Capita Selecta út Schweitzers teology. Gearstald en ynlaat troch dr. C.J. den Heyer - 1981
  • Oude wijn is voortreffelijk. Over de noodzaak van onderwijs en onderzoek van het Jodendom aan en theologische faculteit - 1981
  • 'Een struktuur-analyse van Johannes 20,1-18. Yn: Rondom het Woord 23 - 1981
  • Hoe krijgt de bijbel betekenis ? Semiotiek toegepast op bijbelse teksten - 1982 (mei C.M. Overdulve en J.C.E. Meij)
  • De messiaanse weg. I: Messiaanse verwachtingen in het Oude Testament en in de vroeg-joodse traditie - 1983
  • Ben ik een leerling van de Amsterdamse school?'. Yn SUMMA (Blêd fan de Teologyske Fakulteit fan de Universiteit fan Amsterdam) 16e jiergong, nr. 4, desimber 1984 - 1984
  • Marcus I. Een praktische bijbelverklaring (Tekst & Toelichting) - 1985
  • De Messiaanse weg. II: Jezus van Nazaret - 1986
  • De oude bijbel in een moderne wereld - 1988
  • Toen werd het woord van de profeet vervuld ...'Oudtestamentisch-joodse achtergronden van de geboorteverhalen in het Nieuwe Testament. In: W. Weren e.o., Geboorteverhalen van Jezus:feit en fictie - 1988
  • Beelden van Jezus (searje: Ter Sprake, 50) - 1989
  • Matteüs. Tussen Oud en Nieuw. Seare Toerusting, 135,5-6-89. Boekencentrum, De Haach. 1989
  • De maaltijd van de Heer. Exegetische en bijbeltheologische studie over Pascha en Avondmaal - 1990
  • Een Bijbel - Twee Testamenten. De plaats van Israël in een Bijbelse theologie - 1990
  • Een Joodse Jezus - de Christus der kerken. De plaats van Israël in de Christologie (Verkenning & Bezinning 6)- 1992
  • Kruispunten op de messiaanse weg. Beelden van Jezus in het Nieuwe Testament - 1993
  • Onvoltooide zoektocht: een evaluatie. Yn: H.L. van Stegeren-Keizer e.a., Een kerk op zoek naar Israël. Geschiedenis van het deputaatschap voor 'Kerk en Israël' van de Gereformeerde Kerken in Nederland 1875-1995 - 1995
  • Opnieuw: wie is Jezus? Balans van 150 jaar onderzoek naar Jezus - 1996
  • Verzoening. Bijbelse notities bij een omstreden thema - 1997
  • Paulus: man van twee werelden - 1998
  • De messiaanse weg. Van Jesjoeja van Nazareth tot de Christus van de Kerken - 1998
  • Christus of messias - een gecompliceerd vertaalprobleem. Yn: Interpretatie 7e jiergong nr. 4 - 1999
  • Een boek over vaders en zonen. Mogelijkheden en onmogelijkheden van een feministische christologie. Yn: Communique 15e jiergong, nr. 3, july 1999 - 1999
  • Symbolen in de bijbel. Woorden en hun betekenis - 2000 (mei P. Schelling)
  • Ruim geloven. Een theologisch zelfportret - 2000
  • Van Jezus naar Christendom. Ontwikkeling van tekst tot dogma - 2005
  • Het boek der verandering. De bijbel als bron van alternatief christendom - 2006[3]
  • Twee testamenten. Reden tot vreugde of bron van tegenspraak - 2007[3]
  • Verlichte voorgangers. De strijd tussen dogma en Bijbel in Nederland - 2011, Zoetermeer : Meinema[4]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: