Herman Wiersinga

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Herman Wiersinga (Wormer, 28 maart 1927 - septimber 2020) wie in Nederlânske predikant en teolooch. Hy studearre teology oan de Frije Universiteit te Amsterdam. Hy wie dûmny yn de Grifformearde Tsjerken yn Nederlân yn Lewedorp (1952-1955), Gint (1955-1961) en op Kurasau (1961-1966). Dêrnei waard er studintepredikant te Amsterdam en Leien.

Hy rekke bekend troch syn publikaasjes oer fersoening dy't laat hawwe ta drok petear yn de tsjerken en op ferskate synoades. Wiersinga wiisde nammentlik de klassyk-grifformearde lear fan 'fersoening troch foldwaning' ôf, dêr't steld wurdt dat minsken mei God fermoedsoene wurde om't Jezus Kristus oan it krús plakferfangend betelle foar de skuld dy't de minsken foar God oer hawwe.

Mei Harry Kuitert (1924-2017) wie er ien fan de meast kontroversjele grifformearde teologen fan de 20e iuw.

Hy stoar yn de âlderdom fan 93 jier.

Publikaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • De verzoening in de theologische discussie (dissertaasje) - Kampen 1971
  • Verzoening als verandering - Kampen 1972
  • Verzoening met het lijden? - Kampen 1975
  • Je kunt beter geloven. Het geloofsmodel in de brief aan de Hebreeën - Baarn 1978
  • Doem of daad. Een boek over zonde - Baarn 1982
  • Geloven bij daglicht - Baarn 1992
  • Op ooghoogte. Portret van een postmodern geloof - Zoetermeer 2000
  • De vitale vragen van Bonhoeffer - Zoetermeer 2004

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: