Cayden Moore

Ut Wikipedy
Cayden Moore
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Kristi, Cayden
echte namme Tiffany Whitson
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 15 oktober 1982
berteplak Athens (Georgia)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 2008 – no
offisjele webside
gjint

Cayden Moore, echte namme: Tiffany Whitson (Athens (Georgia), 15 oktober 1982), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Kristi en Cayden. Hja is de âldere suster fan Crista Moore, dy't ek as pornoaktrise aktyf is.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moore waard yn 1982 berne yn Athens, yn 'e steat Georgia, mar groeide op yn Teksas. Yn 2008, doe't se 26 jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn likernôch 45 films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Wicked Pictures, Vivid Entertainment, Shane's World, Red Light District, Anabolic Video en Third Degree Films.

Dêrnjonken hat Moore ek foar ferskate minder bekende studio's yn 't spier west, wêrûnder Gina Lynn Productions, Pure Play Media en Platinum X Pictures. Moore har jongere suster Crista Moore is ek wurksum yn 'e Amerikaanske pornoyndustry, en de beide susters hawwe teminsten ien kear mei-inoar en mei in manlike akteur gearwurke yn in pornosêne, foar de website SisterReunion.com.

Lichemsskaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens har offisjele opjefte is Cayden Moore 1.63 m lang, mei in gewicht fan 55 kg en kupmaat 32C, dêr't in boarstfergruttingsoperaasje foar ûndergien hat. Behalven yn har earen hat hja piercings troch har nâle en har klitoris. Ek hat se ferskate tatoeaazjes, wêrûnder in fiifpuntige stjer oan 'e binnenkant fan har rjochterpols, in tribale tatoeaazje op har ûnderrêch en in bân om har rjochterankel.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: