Caster Semenya

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Caster Semenya.

Caster Semenya (folút: Mokgadi Caster Semenya; Polokwane, 7 jannewaris 1991) is in Súdafrikaansk middellange-ôfstânsdraver dy't spesjalisearre is op 'e 800 m. Op dy ôfstân waard hja yn 2009 kampioene op it WK yn Berlyn. Neitiid ûntstie der trelit oer Semenya har geslacht, mei't út laboratoariumtests bliken die dat hja oer trije kear safolle lichemseigen testosteron beskikte as de trochsneed frou. Yn 'e ynternasjonale sportwrâld wie dat reden om yn twifel te lûken oft hja wol wier in frou is. Dizze sitewaasje liek bot op wat de Fryske hurddraafster Foekje Dillema healwei de tweintichste iuw oerkaam. Oars as Dillema, foar wa't de saak de ein fan har karriêre betsjutte, krige Semenya yn july 2010 lykwols it griene ljocht om wer oan ynternasjonale wedstriden diel te nimmen.

Yn 2011 wûn Semenya op it WK yn it Súdkoreaanske Daegu in sulverne medalje op 'e 800 m. It jiers dêrop wûn se op dy ôfstân ek sulver op 'e Olympyske Spullen fan Londen. Op 'e Afrikaanske Spullen fan 2015, yn Brazzaville, wûn se op 'e 800 m in goudene medalje, en yn 2016 helle se op it Afrikaansk Kampioenskip yn Durban trije goudene medaljes binnen: op 'e 800 m, de 1.500 m en de 4x400 m estafette. Op 'e Olympyske Spullen fan 2016, yn Rio de Janeiro, wûn se ek goud op 'e 800 m.