Karolina fan Oranje-Nassau
Wilhelmina Karolina van Oranje-Nassau (Ljouwert, 28 febrewaris 1743 – Kirchheimbolanden, 5 maart 1787) wie de dochter fan steedhâlder Willem IV en prinses Anna fan Hannover. Hja waard as tredde bern yn Ljouwert berne neidat de earste twa al ferstoarn wiene.
Karolina wie de âldere suster ffan Willem Batavus van Oranje-Nassau, de lettere steedhâlder Willem V. Willem IV wie al erfsteedhâlder en yn 1747 waard bepaald dat it steedhâlderskip ek yn de froulike line trochjûn wurde koe. DÊrom hie Karolina yn 1759 by har ferloving tastimming nedich fan de Steaten-Generaal, in fersyk dat noch troch har mem de Gûvernante koart foar har ferstjerren dien waard. It levere nochal wat argewaasje op, omdat de brêgeman Lutersk wie, en de steatsregeling fan 1747 easke dat de leden fan it Hûs fan Oranje-Nassau de "iepenbiere godstsjinst" belijden. De Ridderskip fan Utert en ek in oantal Hollânske stêden stimden tsjin. Karolina hie in eigen bûtenpleats yn It Oranjewâld, neamd Carolineburg.
Op 5 maart 1760 troude Karolina mei prins Karel Kristiaan van Nassau-Weilburg. It span fêstige him yn De Haach, en liet der in paleiske bouwe (distiid de Keninklike Skouboarch).
Karolina wie tige muzikaal. Yn 1765 besocht Wolfgang Amadeus Mozart Nederlân. Wolfgang én syn suster Nannerl wiene slim siik, sadat it besoek oant yn 1766 duorre. Dêrby komponearre Mozart de nedige stikken en wie hy tsjûge fan de ynstallaasje fan Willem V as steedhâlder.
Karolina en Karel Kristiaan krigen 15 bern, wêrfan twa yn de keninklike grêfkelder yn de Nije Tsjerke yn Delft begroeven lizze. Harren soan Frederik Willem van Nassau-Weilburg (1768-1816) sette de line fuort, dy't úteinlik fia in froulike line late ta Hendrik van Nassau-Weilburg, de hjoeddeiske gruthartoch fan Lúksemboarch. Yn de froulike line waard harren beppesizzer Emma fan Anhalt-Bernburg-Schaumburg-Hoym de beppe fan Emma van Waldeck-Pyrmont, keninginne-gemalinne fan de Nederlannen. De hjoeddeiske keninginne Beatrix stammet dus rjochtstreeks fan harren ôf. Ek de hjoeddeiske Britske keninginne Elizabeth II, Spaanske kening Juan Carlos en Sweedske kening Karel XVI Gustaaf stamje fan Karolina ôf.
Noch yn de grûnwet fan 1917 waard bepaald dat de erfgenamten fan Karolina it keningskip fan Nederlân beklaaie koene:'
Artikel 15.
- Bij ontstentenis van een opvolger, krachtens een der vier voorgaande artikelen tot de Kroon geregtigd, gaat deze over op de wettige mannelijke uit mannen gekomen nakomelingen van wijlen Prinses CAROLINA VAN ORANJE, zuster van wijlen Prins WILLEM DEN VIJFDE en gemalin van wijlen den Prins van Nassau-Weilburg, op gelijke wijze als in artikel 11 ten opzigte van de nakomelingen van wijlen Koning WILLEM FREDERIK, Prins van Oranje-Nassau, is bepaald.
Karolina stoar yn de âldens fan 44 jier yn Kirchheimbolanden.
Houlik en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karolina troude op 5 maart 1760 mei Karel Kristiaan van Nassau-Weilburg. Ut it houlik kamen 15 bern:
- George Willem Belgikus (1760-1762)
- Willem Loadewyk Karel (1761-1770)
- Augusta Maria Karolina (1764-1802)
- Wilhelmina Louise (1765-1837) troud mei Hindrik XIII fan Reuss zu Greiz
- Freark Willem (1768-1816), troud mei Isabelle fan Sayn-Hachenburg-Kirchberg
- Karolina Louise Frederika (1770-1828) troud mei Karel Loadewyk fan Wied-Runckel
- Karel Loadewyk (1772)
- Karel Freark Willem (1775-1807)
- Amalia Sjarlotte Wilhelmina Louise (1776-1841) troud mei Fiktor II van Anhalt-Bernburg-Schaumburg-Hoym
- Henriëtte (1780-1857) troud mei Loadewyk van Wuertemberch
- Fiif bern sûnder namme (1767, 1778, 1779, 1784 en 1785)
- Fryske adel
- Nederlânske adel
- Dútske adel
- Steedhâlder fan Fryslân
- Steedhâlder fan Grinslân
- Steedhâlder fan Drinte
- Steedhâlder fan Hollân
- Steedhâlder fan Seelân
- Steedhâlder fan Utert
- Steedhâlder fan Oerisel
- Steedhâlder fan Gelderlân
- Frysk persoan fan Deensk komôf
- Frysk persoan fan Dútsk komôf
- Frysk persoan fan Eastenryksk komôf
- Frysk persoan fan Frânsk komôf
- Frysk persoan fan Hugenoatsk komôf
- Frysk persoan fan Ingelsk komôf
- Frysk persoan fan Litousk komôf
- Frysk persoan fan Nederlânsk komôf
- Frysk persoan fan Poalsk komôf
- Frysk persoan fan Skotsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Deensk komôf
- Nederlânsk persoan fan Dútsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Eastenryksk komôf
- Nederlânsk persoan fan Frânsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Frysk komôf
- Nederlânsk persoan fan Hugenoatsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Ingelsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Litousk komôf
- Nederlânsk persoan fan Poalsk komôf
- Nederlânsk persoan fan Skotsk komôf
- Dútsk persoan fan Deensk komôf
- Dútsk persoan fan Eastenryksk komôf
- Dútsk persoan fan Frânsk komôf
- Dútsk persoan fan Frysk komôf
- Dútsk persoan fan Hugenoatsk komôf
- Dútsk persoan fan Ingelsk komôf
- Dútsk persoan fan Litousk komôf
- Dútsk persoan fan Nederlânsk komôf
- Dútsk persoan fan Poalsk komôf
- Dútsk persoan fan Skotsk komôf
- Persoan berne yn Ljouwert
- Hûs Oranje-Nassau
- Hûs Nassau-Weilburg
- Persoan berne yn 1743
- Persoan stoarn yn 1787