Carolina Verhoeven
Carolina Verhoeven | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 5 septimber 1952 | |
berteplak | Boxmeer | |
stoarn | 14 febrewaris 2024 | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
jierren aktyf | sûnt 1994 | |
offisjele webside | ||
https://www.culinairerfgoedcentrum.com/ |
Carolina Verhoeven (Boxmeer, 5 septimber 1952 – Haulerwyk, 14 febrewaris 2024) wie in Nederlânske kulinêr etnolooch.
Aktiviteiten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Verhoeven joech lêzings, workshops, skreau boeken en makke podcasts om har ensyklopedyske kennis fan de histoaryske koken mei oaren te dielen. Har doel wie om bytiden iuwenâlde itensiertechniken te bewarjen foar folgjende generaasjes.
Mei it Kulinêr Museum yn Sânhuzen as útfalbasis gie se nei merken, beurzen en demonstraasjes. Tegearre mei histoarikus Redmer Alma stoarte se har yn 2021 op it 17e-iuwske itensiedersboek fan de Grinslanner Occa Johanna Ripperda. Verhoeven waard berne yn Noard-Brabân en wurke tsien jier by de bernebeskerming yn Nijmegen. Ein jierren njoggentich fan de tweintichste iuw iepene se har Itensiedmuseum De Flear yn Appelskea, dêr ’t se mei har twadde man wenne. Yn Amsterdam skreau hja har yn foar in stúdzje etnology.
Fan 2014 hie se de Landskeuken op havesate De Mensinghe yn Roan. Ek hie se de website Culinair Historisch Erfgoedmuseum. Har Stichting Culinair Erfgoed Centrum wurket gear mei in soad nasjonale en ynternasjonale keukens, mei horeka, it ûnderwiis, bibleteken, it bedriuwslibben en parikulieren.[1]
Alle jierren wie se sjuerylid fan de kampioenskippen foar potiten en snert en skreau se in boek oar de herinneringen oan iten, Alleen de geur blijft hangen.
Ynternasjonaal
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar in programme foar it Ministearje fan Bûtenlânske Saken kaam se as adviseur yn mear as fjirtich lannen fan de wrâld. Se sette mei restaurants op, joech workshops en brûkte útstapkes om har fierder te fedjipjen yn kulinêre tradysjes. Yn de lêste faze fan har libben ferdjippe se har yn de kulinêre tradysjes en rituelen rûnom rou en dea. Dat late ta in konferinsje dêr’t hja as 'funerair foodcoach' fertelde oer treastiten troch de iuwen hinne.
Sûnt begjin 2022 wie Verhoeven trije fearnsjier haadredakteur by de lokale omrop Odrie. Om sûnensredenen moast se dêrmei ophâlde.
Yn 2023 waard Verhoeven troch boargemaster Werkman beneamd as Ridder yn de Oarder fan Oranje Nassau. [2]
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Wecken Inmaken Fermenteren Drogen, Oude technieken voor nieuwe smaken; útjouwerij Het Zwarte Schaap (2020) ISBN 9492821133
- Alleen de geur blijft hangen: herinneringen aan een eetmoment - historisch volkskookboek; útjouwerij Migg, (2009) ISBN 9789080821248
as ko-auteur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ambachtelijk ijs bereiden, mei W. Prinsen (2016) ISBN 9789077548226
- Vegetarisch Nieuwe Stijl; mei Jozef Schildermans útjouwerij Kosmos (2011) ISBN 9789021550534
- Lieve schat, wat vind je lekker? het koocboec van Antonius Magirus en de Italiaanse keuken van de Renaissance; mei Jozef Schildermans (2007) ISBN 9789058265005
- Kostelijk Fryslân; mei Harrie Ernst, útjouwerij Migg (2004) ISBN 9080821225
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|