Carl Anton Larsen
Carl Anton Larsen (Østre Halsen (Noarwegen), 27 augustus 1860 - Ross-see (Antarktika), 8 desimber 1924) wie in Noarsk walfiskfarder en poalûndersiker. Hy stifte yn 1904 it plak Grytviken, op it eilân Súd-Georgje.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al mei 14 jier gie Larsen mei syn heit, ek in Noarske walfiskfarder, nei see. Hy late fan 1892 oant 1894 in ekspedysje nei Antarktika. Op it Antarktysk Skiereilân en op it Seymoureilân ûntduts men doe fossilen fan planten, dy't it bewiis foarmen dat Antarktika ea in folle waarmer klimaat hân moatten hie. Fan 1895 ôf wie er kaptein fan it skip Antarctic, wêrmei't de Sweedske Antarktika-ekspedysje (1901-1904) ûnder de lieding fan Otto Nordenskjöld nei Antarktika farde. It skip rûn lykwols op in iisberch yn de Weddellsee en sonk. De bemanning moast op Pauleteilân oerwinterje by tige minne omstannichheden op in dieet fan seehûn en pinguin (fetgoes).
Yn 1904 stifte Larson op it eilân Súd-Georgje (foar de kust fan it Antarktysk Skiereilân) in walfiskkoloanje (mei waarstasjon). De ûndernimming (Compañía Argentina de Pesca) waard finansiere fan Argentynsk, Noarsk en Britsk kapitaal.
De oan de eastkust fan it Antarktysk Skiereilân lizzende Larsen-iisplaat is nei Larsen neamd. Syn skoansoan Ludwig Kohl-Larson (1884-1969) wie in Dútsk arts en ûndersyksreizger.