Carel Georg fan Burmania

Ut Wikipedy
(Trochwiisd fan Carel Georg van Burmania)
Jump to navigation Jump to search

Carel Georg fan Burmania, (Stiens, ± 1570 - dêre?, 10 desimber 1634), wie in Frysk ealman.

Fan Burmania waard op 16 maaie 1592 ynskreaun by de Universiteit fan Frjentsjer. Ut syn studintejierren is in freonealbum oerbleaun dat bewarre waard by it Frysk Genoatskip yn Ljouwert (it is in eksimplaar fan J. Amman's Wappenbuch, Frankfort, 1579). Hy boaske Luts Juws dochter fan Dekema en yn in twadde houlik mei Feds Wytzes dochter fan Cammingha. Syn skrinkelwurk leit yn de tsjerke fan Stiens. Syn portret hinget yn it Frysk Museum neist dat fan syn frou. Hy is bekend troch in sels hânskreaun manuskript út 1614, mei 1400 Fryske sprekwurden en in kolleksje manljus- en frouljusnammen yn alfabetyske folchoarder. It soe yn 1874 ta de útjefte fan dat hânskrift komme troch Pieter Jacob Harrebomee, skoalmaster yn Gorkum. Der waard in prospektus printe, mar it tal yntekeners wie sa lyts, dat de útjouwer fan publikaasje ôfseach. It hânskrift lei yn de Provinsjale Boekerij yn Ljouwert (stêd)|Ljouwert en letter by Tresoar.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Everwinus Wassenbergh - Bijdragen tot den Frieschen tongval II, voorrede III, (Frjentsjer 1806);
  • Bruorren Halbertsma - Rimen en Teltsjes, 5e printinge, Ljouwert, foarwird, 19;
  • Mijn opstel yn It Heitelân, 1919, 163.