Springe nei ynhâld

Bûthús

Ut Wikipedy
In bûthús mei in groppestâl.

In bûthús is it diel fan in stjelp of kop-hals-romppleats mei de stâlen foar de kij. De namme is eins in ferkoarting fan 'bûtenhûs', mei't de kij oarspronklik yn in oar gebou stiene as dêr't de boer en syn gesin sels wennen. Troch de iuwen hinne groeiden de huzinge en de eigentlike pleats lykwols oaninoar fêst.

Alderwetsk bûthús, Dútslân, 1954.

It bûthús is altyd fêstige oan ien fan 'e lange siden fan 'e pleats, mei oan 'e oare side de skuorre mei de skuorreed, de gollen (foar de opslach fan hea en strie) en faak ek stâlen foar jongfee (keallen en hokkelingen). Foarhinne koe men oan it tal bûthúsrútsjes fan in pleats ôflêze hoe ryk oft de boer wie, want wat mear rútsjes, wat mear kij, en wat mear kij, wat riker.

Behalven yn it bûthús hiene wiere feehâlderijpleatsen foarhinne ek kowestâlen yn it lyts bûthús, by de efterside fan 'e pleats lâns, dat it bûthús en de skuorre mei-inoar ferbynt. Mingde bedriuwen hiene op dat plak lykwols it terskhús, dêr't fan âlds it nôt terske en opslein waard. De souder boppe it bûthús is de bûthússouder. Dêryn sieten lûken dêr't de kij har rûchfoer (hea of kuil) trochhinne tasmiten krigen. De souder boppe it terskhûs stie bekend as de tilingen (gjin inkeltalsfoarm).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: