Gropstâl
Appearance
(Trochferwiisd fan Groppestâl)
In gropstâl of groppestâl is in type stâl foar it hâlden fan kij, yn 't bysûnder melkfee, dy't no fierhinne yn ûnbrûk rekke is troch de opmars fan 'e lisboksstâl. Gropstâlen meitsje diel út fan it bûthús yn 'e eigentlike pleats (en foarmje dus gjin apart gebou, lykas de lisboksstâl). Yn gropstâlen steane kij de hiele winter troch op in fêste stâl oan in halsriem. Efter de eigentlike stâlen rint de groppe, dêr't dit type stâl syn namme oan tanket; dat is in djippe goate dêr't de stront en jarre fan 'e kij yn opfongen (en út ôffierd) wurdt.
Der besteane yn Nederlân twa soarten gropstâlen:
- de Fryske stâl: hjirby steane de kij mei de koppen nei de sydmuorren ta en is der yn 'e midden ien rinpaad, de mielling of bûthúsflier, mei oan wjerskanten in groppe;
- de Hollânske stâl: hjirby steane de kij mei de koppen nei de mielling ta, dêr't se fuorre wurde; efter de bisten is oan beide kanten fan 'e stâl in groppe mei dêrnjonken in smel rinpaad.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|